Ek bewenner Meckama State besmet mei coronafirus, fierder gjin coronagefallen

26 jun 2020 - 16:45

Ek in bewenner fan soarchsintrum Meckama State yn Kollum is besmet mei it coronafirus. Dat hat freed bliken dien út in previntive test, nei't tongersdei in meiwurker fan it soarchsintrum al posityf test waard. Der binne fierder lykwols gjin coronabesmettingen; de oare testútslaggen binne allegear negatyf.

Foto: Google Streetview

De bewenner fan Meckama State is yn isolaasje pleatst en wurdt mar troch in beheind tal meiwurkers holpen. De ôfdieling dêr't de besmette bewenner wennet, is ôfsûndere fan de oare ôfdielingen. Dat betsjut ek dat minsken op dy ôfdieling oant en mei 7 july net op besite komme meie.

De meiwurker by wa't tongersdei it coronafirus oantroffen waard, sit thús yn karantêne.

(advertinsje)
(advertinsje)