PODCAST SC Hearrenfean 100 jier: "It wie in mirakel"

26 jun 2020 - 16:22

SC Hearrenfean promovearret yn 1990 fia de neikompetysje as alderearste Fryske klup nei de earedifyzje. It is in wûnderbaarlike ûntknoping nei in fierder teloarstellend seizoen. Hearrenfean einiget yn 'e kompetysje as nûmer sechstjin. Trainer Ab Gritter wurdt op strjitte set en ferfongen troch Fritz Korbach. En dan ûntstiet der in bizar senario.

Omdat SC Hearrenfean de alderearste perioadetitel wint, mei de ploech meidwaan oan de neikompetysje. Dy bestiet út twa pûlen. Hearrenfean is yndield by Go Ahead Eagles en NAC Breda. As Hearrenfean de earste twa wedstriden ferliest, liket de ploech sa goed as kânsleas. Mar omdat se de restearjende twa wedstriden winne en Go Ahead en NAC ek punten lizze litte, is Hearrenfean úteinlik op basis fan in better doelsaldo dochs noch pûlwinner.

Finale

Yn de finale wachtet FC Emmen. De earste wedstriid yn Emmen giet mei 1-0 ferlern, mar yn it eigen Abe Lenstrastadion wint de ploech fan Fritz Korbach mei 2-0. It twadde doelpunt wurdt makke troch Marten Dijk. "Dat is myn aldermoaiste fuotbalmomint! En dan te betinken dat ik yn de earste wedstriid in skop op 'e wreef krigen hie. Twa oeren foar de wedstriid krige ik der noch in beste spuit yn, ik hie der amper gefoel yn, mar skoar dochs de winnende goal!"

Omdat earste doelman Aldo Swager yn febrewaris blessearre rekke, krige Johan Tukker in telefoantsje fan Fritz Korbach. "Ik speelde bij FC Groningen, toen ik werd gebeld door Fritz. Die zei alleen maar: "Morgen train je bij ons" Ik vroeg nog hoe en wat, maar hij zei alleen maar, Riemer belt je zo", sa seit Johan Tukker. Ek ferdigener Stanley MacDonald sjocht mei in goed gefoel werom op syn tiid by SC Hearrenfean. "De club heeft voor altijd een plek in mijn hart", sa seit hy.

Yn it ramt fan it 100-jierrich jubileum nimme sportferslachjouwers Arjen de Boer en Roelof de Vries elke freed in podcast op oer de skiednis fan SC Hearrenfean. Dat dogge se mei nijsgjirrige gasten.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr fynst ek alle oare Sportcasts.

(advertinsje)
(advertinsje)