Turfrûte yn juny drokker as yn oare jierren

It liket derop dat dit jier mear boatsjeminsken de histoaryske Turfrûte witte te finen. Slûswachters op 'e rûte meitsje de lêste dagen melding fan tsientallen boatsjes dy't deistich oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart farre en dêrby help nedich ha om by brêgen en slûzen del te gean.
Turfrûte drokker as oare jierren
Yn Appelskea iepene deputearre Avine Fokkens in pear wiken lyn de renovearre slûs en nije brêge Stokersverlaat yn it doarp. De hast 85 jier âlde flapbrêge is hielendal ferfongen. De slûswanden binne fernijd mei nij mitselwurk en op de boppeste laach binne de oarspronklike stiennen lime.
"De druk op de brug en de sluis nam de laatste jaren alleen maar toe. Hij is gemaakt voor paard en wagen, maar inmiddels gaan er heel veel vrachtwagens overheen. De boel was instabiel geworden en om bezwijking te voorkomen moest de boel vervangen worden", seit projektlieder Marcel Nieuwendijk fan Provinsjale Wettersteat.

Turfrûte populêr

Appelskea is in populêr plak foar boatsjeminsken, omdat it ûnderdiel fan de Turfrûte is. Dy farrûte kin fan 15 maaie oant 15 septimber fearn wurde. De brêgen en slûzen op de rûte wurde tusken healwei tsienen en healwei seizen betsjinne foar toeristen.
Marcel Nieuwendijk oer de nije slûs en brêge
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Neffens Bonne van der Meer, dy't út namme fan de provinsje Fryslân de oanstjoering fan de brêge- en slûswachters op de Turfrûte docht, is it drokker as oare jierren op de rûte. "We ha fan 'e wike wol dagen hân mei 25 boatsjes. Dat ha we nea earder sjoen yn juny." Yn 2018 makken 879 boatsjes gebrûk fan de Turfrûte, ferline jier wiene it der 891.
It is dan no wol drokker as oare jierren yn juny, mar gewoanwei giet de rûte op 15 maaie al iepen. Dat betsjut dat it mar de fraach is oft der mear boatsjeminsken as yn 2019 de Turfrûte farre dit jier.
De brêgewipper moat de slûs mei de hân betsjinje. Neffens Van der Meer is dat swier wurk. "Der binne guon by dy't it dogge, dy hoege jûns net mear nei de sportskoalle ta. It komt der wol op oan."

Balstien út 'e iistiid

By it útfieren fan it wurk waard in bysûndere balstien fûn. By it pleatsen fan de nije damwanden woe de wand nei 4 meter djipte net fierder de grûn yn. In miljoenen jierren âlde, grutte balstien, ôfkomstich út de iistiid, wie de dwerslizzer. De stien hat in plakje neist de slûs krigen.
Bonne van der Meer oer de boatsjes op de Turfrûte
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar