Ljouwerter ynbrekker moat sechstjin moannen sitte

26 jun 2020 - 15:31

In Ljouwerter fan 43 jier is feroardiele ta sechstjin moanne selstraf foar twa wenningynbraken, it stellen fan in auto, twa ynbraakpogingen en omdat er twa kear besocht hat om by bedriuwen yn te brekken. Njonken de selstraf krijt er ek acht moanne selstraf ûnder betingst.

Ynbrekker mei in koefoet - Foto: Shutterstock.com

Yn de nacht fan 26 op 27 febrewaris besocht de Ljouwerter by ferskate pannen oan It Holt yn Deinum yn te brekken. It slagge him twa kear, ien kear waard er troch de bewenners betrape. De man waard oppakt doe't er by in bedriuw yn Deinum op it húske siet. By de oanhâlding skopten de plysjes de doar fan it húske iepen. De fertochte krige klappen nei't er in plysje bespuide. De rjochtbank neamde de klappen yn it gesicht bûten proporsjes.

De sleat yn fytst

De ynbrekker wie ûnder ynfloed. Yn de skuorre fan ien fan de hûzen hie er de drankfoarried oanbrutsen. Hy wie dy nacht op de fyts ûnderweis nei in freondinne. By Deinum fytste er de sleat yn.

Earder hie de man al in VW Golf stellen yn Twizelerheide, dy't er letter te keap oanbea by in autosloperij yn Noardburgum. En yn Suwâld hie er ynbrutsen yn in loads mei oldtimers. Yn de loads waard it DNA fan de fertochte fûn.

Faker de mist yn

De man komt ûnder tafersjoch fan de reklassearring. Hy mei yn de proeftiid, dy't trije jier duorret, gjin drank en drugs ha. Omdat er yn in eardere proeftiid alris de mist yn gong, moat er ek noch in selstraf ûnder betingst fan 62 dagen útsitte.

(advertinsje)
(advertinsje)