Jonge ynbrekker (20) foar de rjochter: "Ik deed het voor de kick en het geld"

26 jun 2020 - 14:25

In 20-jierrige ynbrekker fan Ljouwert hearde freed yn de rjochtbank yn de Fryske haadstêd 42 moannen sel tsjin him easkjen. De man sei dat er ynbruts "voor de kick en het geld". Hy gie brutaal te wurk en kaam op guon plakken sels werom om guod dêr't er belang by hie dochs noch te stellen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Fan oktober foarich jier ôf plege de Ljouwerter ynbraken yn syn wenplak, yn Dokkum, dêr't er út in skoalle fiif iPads stiel, en yn Grootegast. It guod dat er bútmakke, ferkocht er troch. Hy sei it te dwaan 'foar de kick' en om 'it gefoel dat er wat die dat net mei', ferdúdlike de fertochte.

Hy bruts yn by wenten en ek in pear kear by studintehûzen. Ferskate slachtoffers hiene meld dat se har nei de ynbraak ûnfeilich fielden yn har wente. Ien persoan wie sels ferhûze.

'Ferkearde kontakten'

De offisier fan justysje easke 42 moannen sel, wêrfan 12 ûnder betingst en in proeftiid fan trije jier. De advokaat fan de fertochte fûn dat lykwols in te swiere eask en sei benaud te wêzen dat syn kliïnt by in langer ferbliuw yn finzenis De Marwei, dêr't hy op dit stuit sit, 'ferkearde kontakten' opdwaan sil.

De reklassearring wol dat de man him behannelje lit en dat hy meiwurket oan kontrôles op it gebrûk fan ferdôvjende middels. Neist de ynbraken makke de man him ek skuldich oan oertrêding fan in gebietsferbod foar it sintrum fan Ljouwert, yn desimber foarich jier, en mislediging en bedriging fan in oantal BOA's.

De rjochtbank docht op freed 10 july útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)