Rykswettersteat ferkuollet brêgen tsjin útsetting

26 jun 2020 - 14:23

Rykswettersteat lit de brêgen by Spannenburch en Aldskou wiet hâlde, mei it each op de waarmte. Dat gebeurt út foarsoarch, om eventuele problemen foar te kommen. By ekstreme hjitte kin it dek fan de brêgen útsette, sadat se net mear iepen of ticht wolle. Dat smyt problemen op foar it ferkear.

Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
(advertinsje)
(advertinsje)