Hein de Haan nije foarsitter Hûs en Hiem

De Ljouwerter wethâlder Hein de Haan wurdt de nije foarsitter fan Hûs en Hiem, de wolstânskommisje dy't gemeenten advys jout oer de romtlike ynrjochting. Hy folget Gea Wielinga op, dy't wethâlder yn Súdwest-Fryslân is. Der binne ek twa nije bestjoersleden: wethâlders Nel Haarsma (Waadhoeke) en Jaap van Veen (Hearrenfean).
Hein de Haan © PvdA Ljouwert
Hein de Haan is as wethâlder yn Ljouwert ûnder oare ferantwurdlik foar romtlike oardering, gebietsûntwikkeling en wenjen. "Als voorzitter bemoei ik me niet met de onafhankelijke adviezen die Hûs en Hiem geeft", seit er.
"Ik wil mij inzetten voor de verdere ontwikkeling van de ruimtelijke kwaliteit. Daarin spelen ook de Omgevingswet en het veranderende klimaat een rol. Een aantrekkelijke en kwalitatief hoogwaardige ingerichte ruimte draagt bij aan leefbaarheid en maakt dat bewoners zich goed en thuis voelen."
Hûs en Hiem is in gearwurkingsferbân fan 17 fan de 18 Fryske gemeenten. It jout gemeenten advys oer romtlike kwaliteit, wolstân en monumintesoarch. It bestjoer wurdt foarme troch wethâlders fan de gemeenten yn it gearwurkingsferbân.
Njonken De Haan, Haarsma en Van Veen bestiet út bestjoer út Hanneke Zonderland (Weststellingwerf) en Jouke Spoelstra (Achtkarspelen).