'Spoedmaatregels nedich om kontenerskippen tsjin te hâlden by ekstreem waar'

26 jun 2020 - 13:05

Deputearre Steaten moat der by it kabinet op oantrúnje om spoedmaatregels te nimmen om grutte kontenerskippen tsjin te hâlden by min waar. Dat fynt de PvdA Fryslân. Skippen soene net by it Waad delfarre moatte by min waar; net oer de súdlike, mar ek net oer de noardlike rûte.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It Waadgebiet rint gefaar salang't grutte kontenerskippen mei min waar by de eilannen delfarre. "Opvallend is dat niet alleen de zuidelijke vaarroute boven de eilanden onder bepaalde condities onveilig is voor schepen zoals de MSC Zoe", seit Steatelid Jaap Stalenburg as reaksje op de ûndersyksrapporten fan de Onderzoeksraad. "Dit geldt ook voor de noordelijke route. Als er niet wordt ingegrepen acht de Onderzoeksraad de kans groot dat een containerramp opnieuw kan gebeuren."

Stalenburg wol ek dat de Kustwacht mear middels en foech krijt om grutte kontenerskippen te begelieden. Yn de rapporten fan tongersdei stiet neat oer de listen mei ynhâld fan de konteners. Stalenburg fynt dat autoriteiten dêr wol tagong ta ha moatte. Salang't dy listen geheim bliuwe, is der net genôch sicht op de risiko's dy't it Waadgebiet rint by kontenerrampen.

(advertinsje)
(advertinsje)