Wykoersjoch coronasifers: fjouwer nije besmettingen, gjin nije stjergefallen

By fjouwer Friezen is de ôfrûne wike it coronafirus fêststeld. Dat binne fiif minder as in wike lyn. Wol is foar it earst yn seis wiken in bewenner fan in soarchsintrum posityf test op it firus. It giet om in bewenster fan Suderrige op 'e Lemmer. Sy is oerpleatst nei de spesjale corona-unit op It Hearrenfean.
© Shutterstock / Omrop Fryslân
In oare besmetting is fan in meiwurker fan Meckema State yn Kollum. Yn beide soarchsintra binne bewenners en meiwurkers test. Alle útslaggen dy't dêrfan oant no ta bekend binne, binne negatyf.

1.480 Friezen test

Op de trije Fryske testlokaasjes (yn Ljouwert, Drachten en Snits) binne de ôfrûne wike 1.480 minsken test. Dêr wiene dus hast gjin positive tests. Omdat it wol hiel hyt waard yn de testtinte yn Ljouwert, wurdt in part fan dy tests dien yn Drachten.
It lêste stjergefal fan ien mei it coronafirus yn Fryslân wie op 2 juny. It totale tal stjergefallen yn ús provinsje bliuwt dêrmei op 69. By 614 ynwenners fan Fryslân is it firus fêststeld.
Der wiene dizze wike gjin nije sikehûsopnamen yn Fryslân mei minsken mei it coronafirus.

Warskôging foar nije weach

De GGD seit wol dat in nije coronaweach net út te sluten falt. Dêrom komt de GGD mei in tal foarsoargsmaatregels, lykas trainingen foar liedingjaanden en meiwurkers yn ferpleech- en fersoargingshûzen. Dat is ûnderdiel fan in nij provinsjaal ekspertizeteam.