Ferbouwing eardere gemeentehûs Menaam úteinset

26 jun 2020 - 11:57

De ferbouwing fan it eardere gemeentehûs fan Menaam is úteinset. De gemeente Waadhoeke hie it gebou oan de Dyksterbuorren 16 ferkocht oan KwadrantGroep. De âldereinsoarchorganisaasje bout it om ta 30 soarchstudio's foar demintearjenden.

Foto: Google Street View

De bouwurksumens binne op 15 juny úteinset. De besteande ynrjochting wurdt sloopt, wêrnei't it pân omboud wurdt ta apparteminten. De ferwachting is dat it gebou yn febrewaris 2021 oplevere wurdt. De earste bewenners moatte der yn april/maaie 2021 ynlûke kinne.

It gebou wie it gemeentehûs fan de eardere gemeente Menameradiel. Dy bestie oant 1 jannewaris 2018. Dêrnei gie it mei de gemeenten Frjentsjerteradiel, It Bilt en in part fan Littenseradiel op yn de nije gemeente Waadhoeke. It gemeentehûs dêrfan stiet yn Frjentsjer.

(advertinsje)
(advertinsje)