Namme foar nije senioarekompleks Wommels bekend

Dit jier wurdt it eardere gemeentehûs yn Wommels ferboud ta appartemintekompleks foar senioaren. By in nije bestimming heart in nije namme en elkenien mocht dêroer meitinke. Soarchorganisaasje Patyna hat út alle ynstjoerings de namme 'Nij Walpert' keazen, betocht troch Cor Valkema fan Wommels.
Alie van der Meer fan Patyna jout Cor Valkema in kadootsje foar it betinken fan de namme © Patyna
De priisfraach wie útskreaun troch Patyna, de ferhierder fan Nij Walpert. Der kamen sa'n 75 potinsjele nammen binnen. In kommisje hat alle ynstjoerings besjoen. Patyna keas dêrút 'Nij Walpert'. De skiednis fan de namme en de ferbining mei wensoarchsintrum Nij Stapert, ek in lokaasje fan Patyna yn Wommels, joech de trochslach.

Agge en Bokke

"De namme is ûntliend oan in âlde pleatslike leginde oer twa edelmannen, Agge en Bokke", fertelt Valkema. "Beiden stribben nei de hân fan edelfrou Bertha. Har heit besliste dat der in gefjocht op it hynder komme moast. Dejinge dy't it langst op it hynder sitten bliuwe koe, soe winne en trouwe mei Bertha. Doe't it hynder fan Bokke (valpeerd, letter walpert) kaam de striid ta in ein. It hynder fan Agge bleau stean (stapeert, letter stapert)."

"Leginde is rûn"

De terpen dêr't beide manlju letter wennen, waarden dêrnei Stapert en Walpert neamd. Valkema: "Agge en Bokke, Stapert en Walpert hearre by Wommels. Krekt as it wensoarchsintrum en it nije senioarekompleks. En sa is de leginde fan Agge en Bokke rûn."
Yn it appartemintekompleks komme 18 hierapparteminten en in 'doarpskeamer' dêr't de bewenners elkoar moetsje kinne. De planning is dat it kompleks ein 2020 oplevere wurdt.