Harnzer tegelfabryk ynhierd foar restauraasje 12e-iuwsk kastiel yn Denemarken

De Harlinger Aardewerk & Tegelfabriek (HAT) hat in bysûndere opdracht yn 'e wacht sleept. It bedriuw mei de flierren fan in midsiuwsk kastiel yn Nyborg, op it Deenske eilân Funen, restaurearje.
Harnzer tegelfabryk ynhierd foar restauraasje 12e-iuwsk kastiel yn Denemarken
In grut part fan de Deenske skiednis en de ûntwikkeling fan it Deenske keningshûs is werom te fieren nei it kastiel yn Nyborg, dat yn de 12e iuw boud waard. Yn de 17e iuw wie Nyborg ien fan de wichtichste fêstingssteden fan Denemarken, fanwege de geunstige lizzing oan see.
De HAT sil alle histoaryske flierren yn it kastiel restaurearje. De tariedings foar de opdracht, wêrûnder it ûnderhanneljen en bemeunsterjen, duorren twa jier. Sawol de binnen- as bûtenkant fan it kastiel ûndergiet op dit stuit in yntinsive restauraasje.

Spoaren neilitten

"We hawwe yn it ferline meardere projekten yn Skandinavië dien en dêr hawwe wy letterlik ús spoaren neilitten. Dat witte de monumintale ynstânsjes yn Denemarken", fertelt Rikus Oswald, eigener fan HAT. "It is net samar in kastiel: de regering en de kening hawwe der sitten en de grûnwet is der skreaun. Dat makket it hartstikke bysûnder, foar ús en foar elkenien yn Denemarken."

Kennisbank

Nei yngeand ûndersyk fan ûnder oare de Deenske Monumintesoarch is bepaald hoe en hokker histoaryske boumaterialen tapast wurde. It Harnzer bedriuw sil replika's meitsje fan estriken (bakte glazuere fliertegels). Dizze slute oan op de histoaryske patroanen en kleuren dy't weromfûn binne. Yn totaal wurdt der sa'n 500 kante meter oan fliertegels op maat makke. De HAT wurdt ek ynskeakele as kennisbank foar histoaryske fliertegels.
It Harnzer fabryk wurdt faker ynskeakele foar restauraasjes. De ambachtslju dy't der wurkje wurde dêr spesjaal ta oplaat yn Harns.

Konkurrinsje

Neist de HAT wiene der acht oare bedriuwen, út Denemarken, Dútslân, Poalen, Roemenië, de Baltyske steaten en Nederlân, yn de race foar de restauraasje. Uteinlik is de put nei it Harnzer fabryk gien. De HAT sil sa'n sân moannen dwaande wêze mei de restauraasje.
© Wikimedia Commons, Mogens Engelund