Minister Slob stjit Tresoar ôf, mar finansjele stipe bliuwt

Minister Arie Slob draait de jildkraan foar it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar net ticht. Dat seit er op Keamerfragen fan CDA'ers Harry van der Molen en Lenny Geluk-Poortvliet. Dy wiene benaud dat Tresoar minder jild krije soe om't Slob de regionale histoaryske sintra yn alle provinsjes net langer in ferantwurdlikheid fan it Ryk fynt.
Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De ynstellingen falle no noch ûnder behear fan it Ryk, mar Slob wol út de regeling stappe. De provinsje Fryslân hat soargen oer de plannen utere.
Slob jout ta dat Tresoar in bysûndere posysje hat, sa't fêstlein is yn de Bestjoersôfsprak Fryske Taal en Kultuer. Mar om oan de ferplichtingen út dy ôfspraak te foldwaan, is it net nedich dat Tresoar ûnder it Ryk falt. "Ook andere vormen van bestuurlijke samenwerking kunnen geschikt zijn om vorm te geven aan deze verantwoordelijkheden", skriuwt er yn syn antwurd.
De reden dat Slob fan 2024 ôf út de regeling stappe wol, is dat de ynformaasje fan de Ryksoerheid faker sintraal regele is. It digitale argyf fan it Ryk kin it bêst bewarre bliuwe yn it Nationaal Archief, neffens Slob. "De samenwerking met de RHC's zal daarom in de toekomst een andere basis krijgen."