Auto baarnt folslein út op A32 by Aldeholtwâlde

26 jun 2020 - 09:16

Op de A32 by Aldeholtwâlde is freedtemoarn in auto folslein útbaarnd. Fanwege de fûlheid fan de brân en de reek dy't derby frijkaam, besleat de plysje de dyk út de rjochting fan Wolvegea nei It Hearrenfean folslein ôf te sluten.

Foto: René Wiegmink / ProNews

De bestjoerder fan de auto murk dat der wat mis wie en parkearre syn auto op de flechtstripe. Al gau sloegen der flammen út de wein en wie der net in soad mear oan te rêden. Hoe't de auto krekt yn 'e brân fleane koe, is net bekend.

De brânwacht fan Wolvegea hat it fjoer dwêsten, wêrnei't de linkerrydstripe wer frijjûn waard foar it ferkear. De auto, dêr't hast neat fan oerbleaun is, is burgen. Der rekke gjinien ferwûne.

Trefwurden: 
auto brân A32 Aldeholtwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)