FIDEO: Johan Pollema sammelet foto's oer de skiednis fan de Ofslútdyk

26 jun 2020 - 09:00

De Ofslútdyk rint as in reade tried troch it libben fan Johan Pollema (69) fan Surch. Sa fertsjinne er eartiids syn jild mei it stekken fan seewjirms by Den Helder en ried hy alle dagen meardere kearen oer de Ofslútdyk om de aas by de fiskers te bringen. Tsjintwurdich hat Pollema yn Surch, oan it begjin fan de dyk, in angelsportwinkel. Dêrneist hat er yn 'e jierren in unike fotokolleksje by inoar garre oer de skiednis fan de Ofslútdyk. In hobby, dy't in bytsje út de hân rûn is.

De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.

Trefwurden: 
Ofslútdyk Johan Pollema
(advertinsje)
(advertinsje)