Frustraasje by Tennisclub Dokkum oer útbliuwen beslút Hurddraverspark

26 jun 2020 - 07:27

Tennisclub Dokkum moat noch langer wachtsje op syn ferhûzing. De klup sit no op it Hurddraverspark yn Dokkum, mar der binne plannen om dêr in rekreaasjegebiet fan te meitsjen. De sportferienings dy't der no sitte, moatte dêrfoar ferhûzje nei in oare lokaasje. De tennisklup hie dêr al mei ynstimd, mar de polityk is der noch net oer út wat se no krekt mei it park wol.

It Hurddraverspark yn Dokkum - Foto: Google Street View

Der moat no earst nochris nei it plan sjoen wurde en dat betsjut opnij fertraging. De tennisklup wie lykwols al mei ferhûzing akkoart. De fertraging soarget dan ek foar grutte frustraasje by foarsitter Gerard Timmerman: "Het is heel vervelend. We zitten al vanaf 2017 te wachten op een besluit van de gemeente."

It plan foar de werynrjochting fan it Hurddraverspark leit der al sûnt 2017. Timmerman: "Wij zijn vanaf 2017 met alle betrokkenen bezig om plannen te ontwikkelen, onder leiding van de gemeente en externe deskundigen." Yn 2018 lei der in fjouwertal plannen foar it Hurddraverspark en ek foar de nije lokaasje by it Tolhúspark. "Het was de bedoeling om die plannen te presenteren aan de gemeenteraad, maar ze nemen maar geen beslissing."

Ynvestearrings útstelle

It útstel soarget by de tennisklup benammen foar in soad ergernis om't se grutte ynvestearrings foar har útskowe moatte. "Het is zonde om tienduizenden euro's te investeren in de wetenschap dat je binnen een paar jaar weggaat", leit Akkerman út.

"We worden nu al voor het vierde jaar aan het lijntje gehouden en als ik de vergadering van donderdagavond mag geloven, wordt het in ieder geval 2021, 2022 of zou het zomaar 2023 kunnen worden voordat we eindelijk gaan verhuizen."

"Ik begrijp het niet zo goed meer"

Wêrom't der gjin beslút naam wurdt, begrypt Timmerman net. It liket him net ta as tinkt de gemeenteried der no hiel oars oer as foar de fúzje yn 2019. De sportferienings hawwe neffens Akkerman harren nekke útstutsen om plannen te meitsjen en dêr wurdt no neat mei dien.

"Er liggen plannen die worden gedragen door de betrokken sportverenigingen en passen binnen de kaders die de gemeente heeft vastgesteld. Die worden gewoon aan de kant geschoven. Ik begrijp het allemaal niet zo goed meer. "

Gerard Timmerman, foarsitter fan Tennisclub Dokkum

(advertinsje)
(advertinsje)