Harmen Akerboom fytst 1.000 kilometer foar KiKa: "It is sa'n freeslike sykte"

Fiif hurdfytsers fytse op freed 26 en sneon 27 juny 1.000 kilometer om jild op te heljen foar Stichting Kinderen Kankervrij (KiKa). Ien fan harren is de Fries Harmen Akerboom. Yn 2004 ferstoar syn dochter en sûnt dy tiid set hy him bot yn foar de organisaasje foar wittenskiplik ûndersyk nei bernekanker.
© Harmen Akerboom
"It ferlies fan myn dochter wie ûntsettend swier. 17 jier lyn waard sy siik en yn 2004 is sy ferstoarn. Je tinke altyd: dit oerkomt my net", fertelt Akerboom. Al fiif jier set hy him yn foar de stichting troch de Giro di KiKa fytsen.
Yn 2018 waard Team Femke Cycling 4 KiKa oprjochte, ferneamd nei de dochter fan Akerboom. "It fytsen is myn grutte passy. Foar my is it in fysike ynspanning, mar de stipe dy't ik krij fan freonen en famylje is geweldich. Op dy manier kin ik myn stientsje bydrage. Myn frou set har ek al jierren yn as frijwilliger foar KiKa."

Undersyksjild

It genêzingspersintaazje fan bernekanker leit no om de 75 persint hinne. "Dat is de lêste jierren súntsjesoan heger wurden, mar noch lang net heech genôch. Dêr is ûndersyksjild foar nedich en dêr dogge wy dit foar. We sitte no om de 10.000 euro hinne. Ik hoopje op noch mear, mar it is al geweldich fansels dat we dit mei sa'n lyts ploechje opbringe kinne."

Fiif stops

Freedtemoarn om 4.30 oere is Akerboom úteinset mei de Giro di KiKa yn Breda. "Oant no ta giet it goed. We hawwe der no 55 kilometer op sitten. It earste stik wie yn it tsjuster, mar de temperatuer wie wol oangenaam. Dus it earste stik sil net it dreechste wêze."
De klup hâldt mar fiif kear skoft. Akerboom: "Yn Noard-Hollân is de earste stop fan in healoere, yn Aldegea de twadde, yn Wierden de tredde, yn Maastricht de fjirde en tusken Maastricht en Breda noch in kear."

Hege temperatueren

Der wurde freed hege temperatueren ferwachte, benammen yn it suden. Akerboom: "Dat wurdt wol spannend, mar ik ha ûnderfining." Gewoanwei fytst er mei syn ploech troch Italië, mar fanwegen it coronafirus gie dat net troch. Dêrtroch is Akerboom wend oan temperatueren fan om de 40 graden hinne.
"En we ride fan Breda nei Den Helder, by de kust del. Dat jout wol wat ferkuolling. Fia de Iselmar nei Aldegea is meastal ek wol wat koeler as it suden fan it lân. Yn dy sin falt it ta, mar it bliuwt in ynspanning."
Harmen Akerboom