Mbû-skoallen hawwe dûbeld gefoel oer coronamaatregels: "Er is ongelijkheid"

Op de twa Fryske mbû-skoallen De Friese Poort en it Friesland College sitte se mei in dûbeld gefoel oer de coronamaatregels. It kabinet hat besletten dat de oardelmetermaatregel net mear jildt foar minsken ûnder de achttjin jier, mar dochs is fysyk ûnderwiis op it middelber beropsûnderwiis noch net tastien. "Er zit wel een tikje verontwaardiging", seit Jan Dijksma fan it Friesland College.
MBO skoallen net bliid mei maatregels
"Het heeft nogal wat gevolgen. Het geeft ontzettend veel beperkingen als je kijkt hoe wij ons mbo moeten gaan doen. Mbo is heel veel praktijk onderwijs, daar zijn onze gebouwen ook heel sterk op ingericht. We hebben wel wat lokalen, maar voor een flink deel is het praktijk", leit Dijksma út.

Fuortset ûnderwiis mei wol

Op it fuortset ûnderwiis jildt fan 1 july ôf de oardelmetermaatregel net mear, wylst ek op it mbû in soad bern fan 16 en 17 jier sitte. "Dan is er wel ongelijkheid", seit Alice Mulder, lid fan it kolleezje fan bestjoer fan De Friese Poort.
"Ik denk dat het wel goed is dat we verantwoord omgaan met de tijd waarin we zitten. Maar dat er nog wat ruimte komt voor de eerstejaars zouden vinden we wel mooi vinden. Want als je dat op het voortgezet onderwijs ziet dat 17-jarigen daar geen afstand hoeven te houden, dan zou dat bij onze eerstejaars ook kunnen gelden", seit Mulder.
Dijksma kin him dêr yn fine. "De eerstejaars staan te popelen om hier na de zomervakantie te gaan beginnen op een hele nieuwe plek in een hele nieuwe omgeving. Dan heb je het over 16- en 17-jarigen. Het zou heel wat waard zijn als je die goed en mooi zou kunnen opvangen en de ruimte zou kunnen geven om hier hun weg te vinden", sa seit Dijksma.

Twadde Keamer

De Twadde Keamer sil kommende wike noch oer de kwestje gearkomme. De skoallen hoopje dat sy dêr beslute dat der fan 1 septimber ôf yn elts gefal foar de earstejiers wat mear romte komme kin.
Ferslachjouwer Ronnie Porte wie op it Friesland College en de Friese Poort