Wethâlder Offinga ferlit Súdwest-Fryslân en wurdt boargemaster fan Hardenberg

25 jun 2020 - 21:12

Maarten Offinga wurdt de nije boargemaster fan de gemeente Hardenberg yn Oerisel. De 57-jierrige Offinga is no noch wethâlder yn Súdwest-Fryslân, mar sil nei alle gedachten ein septimber al oan de slach yn syn nije funksje.

Foto: Omrop Fryslân

Offinga is op dit stuit dwaande oan syn tredde termyn as wethâlder yn Súdwest-Fryslân. Hy hat ûnder mear finânsjes, lânbou en ûntwikkeling yn syn portefúlje. Hy nimt yn Hardenberg de taken oer fan Jan Willem Wiggers, dy't sûnt ferline jier waarnimmend boargemaster wie.

Rebûlje

Yn it kolleezje fan Súdwest-Fryslân, dat Offinga no ferlitte sil, wie goed in healjier lyn noch rebûlje. Dat late doe ta it opstappen fan wethâlder Stella van Gent, nei't ûnder oaren Offinga it fertrouwen yn syn kollega-wethâlder opsein hie.

De foardracht fan Offinga as boargemaster moat offisjeel noch troch de kening oernommen wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)