Plysje pakt fiif minsken op foar fernieling en brânstichting

De plysje hat fiif minsken oanhâlden dy't fertocht wurde fan fernielingen en brânstichting yn Droegeham, Koatstertille, Surhústerfean en Drachten. De plysje tinkt dat se ferantwurdlik binne foar in tal ûntploffingen en autobrannen, ferline jier en it jier derfoar.
© Plysje
De plysje kaam de fertochten op it spoar fia in oar ûndersyk, dat rjochte wie op drugshannel. In man út Burgum wurdt sjoen as haadfertochte. Hy hat bekend dat er trije auto's yn de brân stutsen hat en dat er in bom by in hûs yn Droegeham ûntploffe litten hat.
Hy krige help fan twa manlju en twa froulju. De brannen ha in eftergrûn dy't socht wurde moat yn de drugshannel en de relasjonele sfear.