Swimme op reservearring: "Relaxed, ik bots tsjin gjinien oan"

Mei dizze temperatueren wolle je it leafst de hiele dei yn it swimbad lizze. Mar samar in baantsje lûke of in bomke meitsje sit der net yn. Je moatte by iepenloftswimbaden reservearje en op basis fan doelgroepen wurdt de tiid yn it bad yndield. By iepenloftswimbad De Sawn Stjerren yn Hallum hawwe se dizze nije wize fan swimmen ûnder kontrôle.
Swimme op reservearing yn swimbad Hallum
In folwoeksen swimmer kriget yn it bad in eigen baantsje tawiisd dêr't in healoerke swommen wurde mei. Sa kinne de regels fan oardel meter ôfstân neilibbe wurde. Yn totaal kinne der sân minsken tagelyk yn it swimbad, mar as der in famylje meiswimt, kin elkenien op ien fan de bûtenste banen. De tiden yn it bad binne ek ferromme. De Sawn Stjerren is fan sân oere moarns oant tolve oere nachts iepen.
It liket allegear hiel moai, mar foar it swimbad kin it eins net út, seit swimbadlieder Jantine Kuiken. "As we it swimbad hielendal tichtdogge dan kostet it ús neat, mar dat kinne we ús abonneminthâlders net oandwaan."
Swimmers Jannie en Alie komme al jierren by De Sawn Stjerren. "Ik ha der earst wol tsjinoan hikt om hjirhinne te gean troch de corona. Mar in simmer net swimme, dat komt net goed. Dus ik ha dochs mar in abonnemint kocht", seit Jannie. Alie fynt it hearlik om wer swimme te kinnen en wol de maatregels wol hâlde. "Ik fyn it wol relaxed. Ik bots tsjin gjinien mear oan om't it sa lekker rêstich is. En ik bin hjir bûten net benaud foar corona, dat falt hjir wol wat ta."

Swimmomint foar jongerein

Bern fan 4 oant 12 jier meie middeis swimme, mar de âlden meie net mei it swimbad yn. Dy moatte op ôfstân bliuwe. Jongerein fan 13 oant 18 jier moatte offisjeel ek oardel meter ôfstân hâlde. Op it stuit mist it swimbad dizze doelgroep. Sy kinne net alle dagen gebrûk meitsje fan it swimbad yn Hallum en sitte foaral by it gemaal of fearten. Mar der is ek kâns op blau-alch. Kuiken makket har dêr soargen oer. Dêrom hawwe se op freed en sneon in spesjaal swimmomint foar dizze groep betocht.
De ferromming fan de coronamaatregels op 1 july jout ek wer nije kânsen, seit Jantine Kuiken: "Ik tink dat we fan woansdei ôf alle bern fan 4 oant 18 jier wer tagelyk yn it wetter ha kinne. Hearlik, ik sjoch dêr nei út!"
Ferslachjouwer Johanna Brinkman en Jantine Kuiken
Ferslachjouwer Johanna Brinkman en swimmers