Reinder Brandsma (20) bliuwt by Aris

25 jun 2020 - 17:37

Basketballer Reinder Brandsma út Damwâld bliuwt by Aris. It wurdt syn twadde seizoen by de Ljouwerter klup.

Reinder Brandsma yn in wedstriid tsjin Leiden - Foto: www.orange-pictures.nl

De 20-jierrige Brandsma makke foarich jier de oerstap fan Donar nei Aris. Foarsitter Rudolf Knegtering is bliid dat Brandsma bliuwt. "Reinder is een jongen uit de regio, heeft het afgelopen seizoen een sterke ontwikkeling doorgemaakt en hij past uitstekend bij onze club."

Nei Torben Tönjann is Brandsma de twadde spiler dy't Aris foar takom seizoen fêstlein hat.

(advertinsje)
(advertinsje)