Hoe komt it yn 'e praktyk mei de nije frijheden yn soarchynstellingen?

De Stichting Stop Onnodige Vrijheidsbeperking In De Zorg (SOVIDZ) is bliid dat yn coronafrije soarchynstellingen beheind besite en ferplicht binnenbliuwen fan de baan is. De stichting is lykwols benaud dat net alle soarchynstellingen de nije frijheden, dy't minister De Jonge fan Folkssûnens woansdei bekend makke, yn de praktyk bringe sille. De stichting sil dat skerp yn 'e gaten hâlde. Se ropt belutsenen op om har te melden as in ynstelling de ferrommingen net trochfiert.
WMO-soarch © Shutterstock.com (Lighthunter)
Coronafrije soarchynstellingen kinne fan 1 july ôf wer besite talitte en bewenners kinne dan ek wer nei bûten ta. SOVIDZ hat lykwols soargen by de oankundiging fan de minister. Hy makke bygelyks it foarbehâld dat de ferromming barre moat 'yn goed oerlis binnen ferpleechhuzen' en 'binnen de huzen goed útfierber wêze moat'.
De minister spoart huzen oan om iepen te gean, mar twingt se dêr net ta. Ynstellingen hâlde de mooglikheid om besite en bewegingsfrijheid te beheinen as sy miene dat dêr goede redenen ta binne. Ek liket it mooglik dat ynstellingen by besmettingen dochs wer op slot geane, yn stee fan allinnich besmette pasjinten of ôfdielingen te isolearjen.

Melde

SOVIDZ ropt elkenien dêrom op om har te melden as in ynstelling op koarte termyn gjin of hast gjin mear besite en bewegingsfrijheid talit as de ôfrûne wiken. De stichting hat minister De Jonge in brief stjoerd en wol dat hy ûnder mear dúdlik makket hoefolle bewegingsfrijheid en rjocht op besite soarchynstellingen op syn minst biede moatte oan har bewenners, ék wannear't der sprake is fan besmettingen.
SOVIDZ wol uterlik op 30 juny antwurd fan minister De Jonge. As de minister en de ynspeksje gjin of ûnbefredigjende antwurden jouwe, spant SOVIDZ in koart pleit oan.
Foarsitter Berber Bijma fan Sovidsz
Berber Bijma is mei-oprjochter fan Sovidz. Har heit sit yn fersoargingshûs Foswert yn Ferwert en hy krige de ôfrûne tiid net in soad bewegingsfrijheid. Se tinkt sels net dat alle soarchynstellingen fuortendaliks wer de doarren iepensmite. "It is in hiele omskeakeling. Wy hawwe de ôfrûne dagen ferhalen heard fan soarchynstellingen dy't minsken noch hielendal binnen hâlde of hast gjin besite tastean. Wy kinne ús dus hast net yntinke dat sy fan 1 july ôf sizze sille: kom der allegear mar wer yn."
Sovidz hat minister De Jonge in brief stjoerd dêr't se him yn freegje minimumregels fêst te lizzen foar de bewegingsfrijheid en it rjocht op besite yn soarchynstellingen. Yn de brief stelle se him ek in ultimatum: uterlik kommende tiisdei wolle se dúdlike antwurden, oars komt der in koart pleit.
De stichting is ek yn petear mei de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd. Bijma: "Dy hat de 3,5 moanne eins nearne binnen west. It wurdt heech tiid dat se dêr wer mei begjinne en dan ek foarrang jouwe oan soarchynstellingen dêr't op dit stuit klachten binne oer te strange maatregels. As dat petear mei de ynspeksje ta neat liedt, kin dat ta in koart pleit liede."

Noorderbreedte

"We zijn allemaal heel erg blij: bewoners, familie, medewerkers. De vlag gaat uit op 1 juli en we hebben gebak bij de koffie", fertelt Arieke Sieben, soarchkoördinator yn De Stilen op Skylge en De Spiker yn Harns, dy't falle ûnder soarchorganisaasje Noorderbreedte. Neffens har is de rêst wat weromkommen, mar hat it dochs in flinke útdaging west foar elkenien. "Een deel van onze bewoners heeft nauwelijks last van de maatregelen en gedijt bij de rust en regelmaat en weinig prikkels, maar voor een groot deel is het geduld op. Die mensen hebben er genoeg van en willen er alleen op uit."
Soarchkoördinator Arieke Sieben
Noorderbreedte stribbet dernei dat bewenners sels wer bepale kinne wannear't sy nei bûten ta gean. Dat moat lykwols wol yn oerlis mei de fersoargers, sadat dy yn de gaten hâlde kinne wa't binnenkomt en wêr't minsken hinne gean. "In principe laten we de bezoektijden los. Dat betekent chaos, maar in vertrouwen met elkaar moeten we een eind komen. Ik vind het best spannend, maar heb er wel vertrouwen in."