FOTO: Bisten krije iisko's tsjin de waarmte

It is dizze dagen tige waarm yn Fryslân. Mei temperatueren fan om de 30 graden hinne siket elkenien nei ferkuolling. De bisten yn dieretún AquaZoo hawwe ek te krijen mei de waarmte. Om foar ekstra ferkuolling te soargjen, krigen de waskbearen en de saki's tongersdei fruitiisko's. Op ûndersteande foto's is te sjen dat de bisten dat wol wurdearje koene.