Meiwurker Meckama State besmet mei coronafirus, bewenners yn ôfwachting testútslach

In soarchmeiwurker fan Noorderbreedte is posityf test op it coronafirus. It giet om ien dy't wurket yn Meckama State yn Kollum. De meiwurker is thús direkt yn karantêne gong.
© Google Streetview
De klachten kamen 48 oeren nei't de meiwurker foar it lêst wurke hie. Noorderbreedte hat dêrom de hoop dat it firus fierder net ferspraat is. De GGD test no previntyf de bewenners mei wa't de meiwurker kontakt hân hat. Ek guon kollega's wurde test, omdat sy op de lêste dei mei de besmette meiwurker kontakt hân ha. Dy testútslaggen wurde nei alle gedachten freed bekend.
Oant de testútslaggen bekend binne, wurde de bewenners fan de ôfdieling dêr't de meiwurker wurke, op in oar plak yn it gebou fersoarge. De teste soarchmeiwurkers wachtsje thús de útslach ôf.

Gjin besite

Bewenners dy't test binne kinne gjin besite krije, salang't de testútslach net bekend is. Bewenners op oare ôfdielingen kinne wol besite krije.
Twa moanne lyn gongen ek twa ôfdielingen fan Meckama Sate út foarsoarch yn karantêne.