Fertochte deadlike stekpartij Mûnein njoggentich dagen langer fêst

De fertochte yn de saak fan de stekpartij yn Mûnein bliuwt njoggentich dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris woansdei bepaald.
© De Vries Media
De 27-jierrige man út Mûnein wurdt derfan fertochte dat er in 43-jierrige man út Almere deastutsen hat. By de stekpartij sa'n trije wiken lyn rekke ek in 38-jierrige man út Tytsjerksteradiel slim ferwûne.
Twa wiken lyn waard it foararrest fan de fertochte al ferlinge mei fjirtjin dagen.