Boargemaster slút twa drugsgebouwen yn Noardburgum

Boargemaster Jeroen Gebben fan de gemeente Tytsjerksteradiel hat tongersdei twa gebouwen yn Noardburgum sletten, om't der in grutte hoemannichte softdrugs fûn is. De gebouwen moatte yn elts gefal twa moannen ticht.
© Public Domain Pictures
It iene gebou leit oan de Veldmansweg. By in hússikingsbefel waarden earder softdrugs, in wapen en in soad kontant jild yn beslach naam. De bewenner fan it hûs sit fêst yn in ûndersyk nei ynternasjonale drugshannel, de saak-Vidar.
It oare gebou is in bygebou fan in wenning oan de Zomerweg. Yn it gebou en yn 'e tún fûn de plysje in grutte partij softdrugs, meardere wapens, pepperspray en ek kontant jild.