Reaksjes út Fryske sportwrâld op ferrommings: "Net gek meitsje litte"

25 jun 2020 - 13:13

Alle sporten kinne wer los, dat seit premier Rutte. Mar hoe komt it dan mei de Fryske sportsimmer? Gewoanwei stiene dizze wiken en moannen yn it ramt fan it keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen. Dy bûnen hiene de hiele simmeraginda skrast, mar wat dogge se no't der wer fan alles mooglik is?

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Foarsitter René Nagelhout fan de SKS:

"Ik wie juster wol wat fernuvere dat der yn ien kear safolle romte is foar safolle dingen. It is wol prachtich dat it kin, mar der sit noch wol altyd in gefaar yn. Dêr moatte je je bewust fan wêze.

Wy sjogge mooglikheden om de trainingen yn de silerij wer te begjinnen, mar der binne ek noch wol wat fragen. Oer de wedstriden doch ik noch mar gjin útspraken. Elkenien wol hiel graach sile, dat mei dúdlik wêze. We moatte dat mei-elkoar besjen, mar ik sjoch sels noch net yn dat de wedstriidaginda feroaret.

It moaie is dat der mear romte komt, dat moatte we koesterje. Mar litte we ús foaral net gek meitsje. Takom wike komt in nije needferoardering. We moatte yn alle rêst sjen hoe't de situaasje derút sjocht."

Foto: Martin de Jong

Foarsitter Teije Dijk fan it Frysk Ljeppers Bûn:

"We wolle de kompetysje it leafst sa gau as mooglik wer oppakke. Dat is ek noch ûnder foarbehâld, mar we tinke wol yn dy rjochting. We tinke der hiel sterk oan om ús wedstriidprogramma wer op te pakken. Dan wol oanpast, want we ha in hiel part fan it seizoen al mist.

Freedtejûn prate we mei it Hollânsk ljeppersbûn. De wedstriden tsjinje gewoanwei ek as kwalifikaasje foar it NK. Nije wike tiisdei prate we der noch oer mei de ferienings.

We tinke dat we heal july fan start kinne. Tagelyk moatte we noch wol hiel wat tariede. Sa moatte we de aginda opnij opsette en it publyk wolle we ek beheind talitte. We tinke dat we hiel wat minsken kwyt kinne, mar we moatte dat wol hiel goed tariede. Want safety first, sa't Nagelhout sei, jildt ek foar ús.

It Frysk Kampioenskip Fierljeppen hâlde we tink ik wol op 5 septimber. Hoe't it earst like, mochten eveneminten foar 1 septimber net. No soe it yn teory wol wer yn augustus kinne, mar minsken ha al rekken holden mei de nije datum, dus dat is no it meast logysk."

Foto: Henk Bootsma

Direkteur Marco Hoekstra fan de KNKB:

"Wy binne bliid ferrast dat der wer keatst wurde mei. We pakke de aginda sa as dy foar it seizoen makke is út de kast. En as it oan ús leit dan wurkje wy dy ôf. Uteraard moatte wy hjiroer wol yn petear mei de ferienings, want dy sille de partijen organisearje moatte.

As de ferienings der klear foar binne, dat moat blike op ús ledegearkomste op 2 july. Der moat wol draachflak wêze. As it oan ús leit, dogge we net allinnich ledepartijen, mar gewoan troch de hiele provinsje.

By grutte eveneminten sitte je noch wol mei fergunnings, dat freget in oare oanpak. As der gjin publyk by wêze kin, is der ek gjin omset. We wolle sokke dingen op 2 july mei de ferienings beprate. Wy sjogge mooglikheden, mar it sil wol wat yn in somberdere setting wêze allegear."

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Foarsitter Cees Roozemond fan SC Hearrenfean:

"Ik ben hartstikke blij dat we weer na kunnen denken over de normale situatie. Het wordt wel een uitdaging om mensen op anderhalve meter van elkaar te zetten in het stadion. Dan moeten we stoeltjes afplakken. Voor de staantribune is het nog lastiger. We denken dat we tussen de 4.000 en 7.000 mensen kwijt kunnen.

We moeten straks wel keuzes maken over wie naar welke wedstrijd mag? Vanzelfsprekend gaan de seizoenskaarthouders voor, zij zijn trouw geweest en moeten daarvoor beloond worden. Financieel wordt het wel weer een uitdaging: of je het stadion nou opent voor 5.000 of 25.000 mensen, de kosten zijn gelijk, maar de opbrengsten veel minder.

Het lastigste is dat mensen niet meer mogen zingen en juichen. Dat is irreëel en ondoenlijk. Als wij een heel mooi doelpunt maken en de mannen zijn enthousiast... tja, ik zou niet weten hoe we dat moeten handhaven."

(advertinsje)
(advertinsje)