Mooglik trochbraak yn ûntwikkeling swimbadterrein Nes op It Amelân

25 jun 2020 - 11:43

Untwikkelder Kontour Vastgoed hat in plan presintearre foar it wellness-sintrum dat op it plak fan it âlde swimbad yn Nes op It Amelân komme moat. Der leit in plan foar in hotel mei in lossteande wellnessfoarsjenning, dat foldocht oan de easken en winsken dy't de gemeente earder fêstlein hie. Dêrmei liket der lang om let in ein te kommen oan de slepende kwestje.

It âlde swimbad yn Nes - Foto: Frank Hulsebos

Neffens eksperts is der gjin bestimmingswiziging nedich foar de plannen. Dat skriuwt it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan It Amelân yn in brief oan de gemeenteried.

Yn april kundige it kolleezje noch in riedsfoarstel oan oer de eardere swimbadlokaasje. No't in bestimmingswiziging net nedich liket, komt der gjin foarstel en folstiet it kolleezje mei in brief dêr't de stân fan saken fan no yn beskreaun wurdt. Plan is dat der in nij hotel boud wurdt yn de noardeasthoeke fan it gebiet en in lossteand wellnessgebou tusken it nije hotel en it al besteande hotel Noordzee.

Hjit hingizer

It is al jierren in hjit hingizer wat der mei it eardere swimbad dien wurde moat. De gemeente hie earder ferskate ûndersyksburo's benadere foar in helberensûndersyk en in maatskiplike konsultaasje. Dat levere in oantal easken en winsken op.

It doel wie om de resultaten fan de ûndersiken yn oktober 2019 te bepraten yn de ried, mar dêr kaam it nea ta. De ried liet it punt fan de aginda helje, om't de advokaat fan de ûntwikkelder koart foar de gearkomste in brief stjoerde dy't de behanneling trochkrúste. Sûnt dy tiid hat it kolleezje ferskate kearen oerlein mei de ûntwikkelder. Op basis dêrfan hat de ûntwikkelder in nij plan presintearre.

Yn dat nije plan moat der in lúkse hotel mei 80 oant 120 keamers komme. Los dêrfan komt der in frijsteand wellnessgebou fan sa'n 1.000 kante meter. Dêrmei wurdt de wellnessfoarsjenning flink lytser as de foarkarsopsje út it helberensûndersyk. Der wurdt ek flink ynsetten op duorsumens.

Trefwurden: 
It Amelân swimbad Nes wellness
(advertinsje)
(advertinsje)