Dijsselbloem: kontenerskippen binne net boud foar omstannichheden boppe Waadeilannen

25 jun 2020 - 11:36

"Containerschepen zijn niet gebouwd op een noordwestenwind in combinatie met relatief ondiep water." Dat seit Jeroen Dijsselbloem, foarsitter fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid (OVV). Yn in ûndersyk seit de OVV dat de farrûtes boppe it Waad gefaarlik binne foar grutte kontenerskippen, hielendal by sa'n noardwesterstoarm. Skippen moatte dêrom net mear boppe de Waadeilannen farre mei sok waar.

De reaksje fan Jeroen Dijsselbloem:

"In dat gebied boven de Waddeneilanden komen er zulke grote klappen op zo'n containerschip", seit Dijsselbloem. "Een schip is lang en breed en met een noordwestenwind ontstaan er grote golven en komen er grote krachten op het schip. Daar zijn ze niet op gebouwd. Het ontwerp kan die omstandigheden niet aan, dus het is dan niet verantwoord."

Dat hat dus te krijen mei hoe't de skippen boud wurde. "Ze worden alsmaar groter en breder. Daardoor worden de schepen ook stabieler. Dat klinkt positief, maar onder pittige weersomstandigheden is dat helemaal niet positief. Er komen zulke grote krachten te staan op zo'n schip. Op een gegeven moment knappen letterlijk de sjorsystemen en dan gaan de containers overboord."

Twa mooglikheden

De Onderzoeksraad seit dêrom dat der twa mooglikheden binne: "Of de schepen worden verbeterd, of de zee wordt gemeden. Ons eerste advies is om daar bij noordwesterstorm voorlopig niet te varen. Als de systemen in de toekomst zijn verbeterd, is het misschien weer mogelijk."

Minister sil oan de slach

Minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat dielt de konklúzjes fan de rapporten. Se sil oan de slach mei de risiko's dy't op beide farrûtes jilde. Earder hat se de Kustwacht al frege om skippen it driuwende advys te jaan om net de súdlike farrûte te brûken by min waar.

It maritym ynstitút MARIN docht fierder ûndersyk nei risiko's by oare waarsomstannichheden en oare type skippen. Dan wurdt ek sjoen nei skippen lykas de OOCL Rauma, in lytser skip dat begjin dit jier konteners ferlear boppe de Waadeilannen.

Better ynformearje

Van Nieuwenhuizen is it der ek mei iens dat de kapitein en bemanning better ynformearre wurde moatte, sadat se better kieze kinne watfoar rûte se nimme moatte.

Nei it simmerreses jout Van Nieuwenhuizen in wiidweidige reaksje op de rapporten yn de Twadde Keamer. Se giet yn oerlis mei Dútslân om mei-elkoar ta maatregels te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)