Dit moat der barre om in nije kontenerramp foar te kommen

Om de risiko's op in nije kontenerramp sa lyts mooglik te meitsjen, moatte de Nederlânske oerheid, de kontenerskipfeartsektor en de Ynternasjonale Maritime Organisaasje (IMO) ferskate saken oanpasse. De Onderzoeksraad voor Veiligheid komt nei oanlieding fan de ûndersiken nei de kontenerramp mei ferskate oanbefellings.
© Haveriekommando
Sa moatte de oerheden fan Nederlân, Dútslân en Panama opnij sjen nei de technyske easken dy't steld wurde oan kontenerskippen. Dan giet it om de ûntwerpeasken dy't steld wurde oan sjorsystemen en konteners, de easken dy't jilde foar it beladen en de stabiliteit fan de skippen, ferplichtingen fan ynstruminten dy't slingerbewegingen en fersnellingen sjen litte, en de technyske mooglikheden om kontenerferlies te detektearjen.
Dit gong der mis mei de MSC Zoe:
De reder fan de MSC Zoe krijt de opdracht om de bemanning dy't yn it Waadgebiet fart dúdlik te fertellen wat de risiko's binne fan de farrûte, en om de skippen sa yn de rjochtsjen dat kontenerferlies tsjingong wurdt.

Konkrete maatregels, better ynformearje en mear foech foar Kustwacht

Fierder komt de Onderzoeksraad voor Veiligheid mei seis oanbefellings dy't spesifyk te krijen ha mei de farrûtes boppe de Waadeilannen.