Boat sinkt op Prinses Margrietkanaal by Spannenburch

25 jun 2020 - 10:47

Op it Prinses Margrietkanaal by Spannenburch is tongersdeitemoarn in boat sonken. De skipper soe net goed wurden wêze, meldt Rykswettersteat.

In skip dat delfear, koe rap help biede. De sonken boat is yntusken burgen. Rykswettersteat warskôget skippers dat se mei de hjitte goed oplette moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)