FIDEO: Plysje en hanthaving ûntromje Prinsetún yn Ljouwert

25 jun 2020 - 10:30

Klokslach 22.00 oere waard woansdeitejûn de Prinsentún sûnder ynsidinten skjinfage troch de plysje en hanthavening. Oant septimber giet it Ljouwerter park fan jûns tsien oant moarns seis oere ticht.

De gemeente hie dat besletten om't in soad minsken harren dêr net hâlden oan de maatregel om oardel meter ôfstân te hâlden. Dat barde foaral jûns en nachts. Minsken dy't der yn de buert wenje, klagen boppedat oer oerlêst, en dat soe ek jilde foar toeristen dy't mei har boat yn de Prinsentún lizze.

Der stiene al stekken yn it park om de drokte yn de stringen te hâlden. By de yngong steane no warskôgingsbuorden. Minsken dy't der nachts wol binne, kinne in boete krije.

De nachtsluting fan de Prinsetún jildt net foar minsken dy't mei in boatsje yn de Prinsetún lizze, foar besikers en personiel fan De Koperen Tuin.

Ferslachjouwer Willem de Vries seach yn de Prinsetún

(advertinsje)
(advertinsje)