Onderzoeksraad: Waadgebiet better beskermje tsjin kontenerferlies skippen

25 jun 2020 - 15:50

Grutte kontenerskippen moatte by in noardwesterstoarm net mear de súdlike farrûte boppe de Waadeilannen nimme. Dy rûte is relatyf ûndjip en dat bringt grutte risiko's mei him mei, want de kâns dat de skippen de boaiem oanreitsje is grutter. Dat kin derfoar soargje dat konteners losreitsje en oerboard slaan.

Onderzoeksraad: farrûtes op it Waad te gefaarlik

Dat seit de Onderzoeksraad voor Veiligheid yn in ûndersyk nei oanlieding fan de kontenerramp mei de MSC Zoe. Dat kontenerskip ferlear boppe de Waadeilannen 342 konteners yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019. "Het verlies van containers zorgt voor vervuiling van het Waddengebied en moet worden voorkomen", seit Jeroen Dijsselbloem, foarsitter fan de Onderzoeksraad. "Het Waddengebied is daarbij een internationaal erkend natuurgebied. Om dit werelderfgoed te beschermen zou het voorzorgsprincipe leidend moeten zijn."

Foto: Onderzoeksraad voor Veiligheid

Der binne twa farrûten boppe de Waadeilannen. It brûken fan de súdlike farrûte moat beheind wurde by in noardwesterstoarm. De Onderzoeksraad seit dat dêr ynternasjonale ôfspraken oer makke wurde moatte. Dêrnjonken kin de Kustwacht in aktivere rol krije by it begelieden fan de skippen, mar dêrfoar moat de minister wol mear foech jaan oan de Kustwacht.

Ek fûnemintele flaters yn ûntwerp

Net allinnich de súdlike farrûte soarget foar grutte risiko's. Der sitte ek fûnemintele flaters yn it ûntwerp fan grutte kontenerskippen en it materiaal om de konteners goed fêst te setten is net sterk genôch. Der moat wrâldwiid yngrepen wurde, want de risiko's wurde allinnich mar grutter. Dat stiet yn in twadde ûndersyk, makke troch de Onderzoeksraad voor Veiligheid, de Dútske en Panameeske autoriteiten.

Foarsitter fan de Onderzoeksraad, Jeroen Dijsselbloem:

De ultragrutte kontenerskippen, dêr't de MSC Zoe ek by heart, binne sa makke dat sy hiel stabyl binne. Dat liket goed, mar yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 waard dúdlik dat soks ek grutte problemen opsmite kin. Yn seis meter hege weagen en hurde wyn begûn it skip dochs te skommeljen. Op inkelde mominten sels oant 30 graden ta, tocht de bemanning. Mar de apparatuer dy't dat sjen liet, doocht net foar ditsoarte fan mjittings. Yn werklikheid wie it in 16 graden.

Grutte krêften

Mar dat wie genôch om problemen te feroarsaakjen. Want troch dy grutte oanfangsstabiliteit fan it skip, komt it net stadichoan wer rjochtoerein, mar mei in behoarlike 'swiper'. Dat giet sa need dat der hiele grutte krêften loslitten wurde op de konteners dy't acht lagen heech opsteapele stean.

Op seis lokaasjes op see giet it mis en falle yn totaal 342 konteners yn de Noardsee. Pas de sechsde kear dat dat bart, sjocht de bemanning dat ek. It is net foar it earst dat dizze ûntwerpflater ta problemen liedt, sa falt yn it ûndersyk te lêzen. En der moat wat regele wurde wêrtroch't it earder oan it ljocht komt dat der konteners oerboard donderje, want dan kinne je ek earder yngripe.

Foto: Haveriekommando

Wat ek meispilet, is dat op grutte kontenerskippen deselde twistlocks en krússtangen brûkt wurde as op lytsere kontenerskippen. En dat wylst dit ark op de gruttere skippen mei folle gruttere belêstingen omgean moat.

Der wiene gjin oanwizings dat de konteners net neffens de regels fêstset binne. Mar dy regels sels doge dus net. Dat jildt trouwens ek foar de ladingplannen. De berekkeningen dêrûnder binne noait bedoeld foar skippen lykas de hast 400 meter lange MSC Zoe en sy binne ek net goed werom te rekkenjen nei de ûnderlizzende prinsipes. Der binne ek oanwizings dat it skip op guon plakken oerbeladen wie.

Oan 'e grûn

Der is al in soad sein en skreaun oer de fraach oft it skip ek de grûn rekke hat yn de ûndjippere geul boppe de eilannen. Dat kin net bewiisd wurde, want dûkers hawwe gjin skea oan it skip fûn. Mar it Nederlânsk ûndersyksynstitút Marin hat mei in skaalmodel yn in bassin sjen litten dat der seker kâns is dat dit bard is, as it skip sa begjint te skommeljen. Ek is de kâns op dat ûndjippe wetter grutter dat weagen op it dek tsjin de konteners slaan. Oft dat ek echt bard is, falt lykwols net te sizzen.

Foto: Havariekommando

Oft it skip no wol of net de boaiem rekke hat, makket ek net it measte út, seit direkteur Ulf Kaspera fan de Bundesstelle für Seeunfalluntersuchung (BSU) yn Hamburg tsjin de Norddeutscher Rundfunk (NDR): "Mei it kiezen fan in oare rûte troch djip wetter yn stee fan ûndjip wetter losse je de problemen net op. Want de konteners soene ûnder dizze omstannichheden nei alle gedachten op beide lokaasjes fan it skip ôf fallen wêze. It iennichste wat je dogge as je in oare rûte útkieze, is in oar plak kieze dêr't it mis giet."

Oanbefellings

Ien en oar liedt wol ta oanbefellings. Wat de rûte boppe de eilannen oanbelanget stiet yn dit rapport dat der in ûndersyk komme moat nei it feiliger meitsjen fan de rûte. Wat de sektor oanbelanget moat der wrâldwiid in fernijingsslach komme as it giet om de bouwize fan dizze grutte skippen.

Der binne maatregels om it skommeljen fan skippen te dempen, mar dy binne oant no ta net genôch brûkt. Nei alle gedachten omdat sy mear brânstof kostje omdat de wjerstân fan it skip yn it wetter tanimt. Ek moatte der in soad regels oanskerpe wurde. Dat kostet allegearre tiid, want soks moat yn ynternasjonaal ferbân regele wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)