Buske flink skansearre nei botsing by Sint-Nyk

25 jun 2020 - 09:47

Op de Scharleijen by Sint-Nyk is tongersdeitemoarn in ûngelok bard tusken trije auto's. Ien rekke net slim skansearre en mocht fierder ride. Twa oare weinen kamen der lykwols minder goed fanôf.

Foto: De Vries Media

It ûngelok barde trochdat in wurkbuske útwike moast foar in ôfslaande auto. Troch de útwiking kamen de trije weinen mei elkoar yn botsing. It buske knalde achterop in oare auto. Troch de klap waard it buske troch de achterkant fan de foarste auto boarre.

Der waard in ambulânse oproppen om de belutsenen te kontrolearjen. Der rekke lykwols gjinien ferwûne. De plysje hie de dyk tydlik ôfsletten. It ferkear koe stapfoets delride oer de paralleldyk.

(advertinsje)
(advertinsje)