Doeksen mei wer op folle kapasiteit farre: "Wel oppassen dat de boot niet te vol wordt"

25 jun 2020 - 09:00

De ferrommingen fan de coronamaatregels fan 1 july ôf binne goed nijs foar de feartsjinsten nei de Waadeilannen. Alle sitplakken komme wer beskikber, mar reizgers moatte noch hieltyd in mûlkapke op. De kapasiteit fan de boaten kin lykwols flink omheech.

Mûlkapkes bûten op de boat, want it falt ûnder it iepenbier ferfier - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"We zijn heel blij met deze versoepelingen. Dit betekent dat we vanaf 1 juli fors in capaciteit omhoog kunnen", leit direkteur Paul Melles fan Rederij Doeksen út. "Dat is juist het probleem geweest de afgelopen maanden. Dat heeft ook tot hele vervelende situaties geleid voor ondernemers op de eilanden." De ûndernimmers makken har soargen oer de sterk fermindere tastream fan toeristen nei de eilannen.

Oft de folsleine kapasiteit wer benut wurde sil, is Doeksen noch net oer út. Melles: "In principe mogen alle zit- en staanplaatsen weer worden gebruikt, maar we moeten wel oppassen dat de boot niet te vol wordt." Yn it iepenbier ferfier hoecht yn elts gefal gjin oardel meter ôfstân hâlden te wurden, om't dat net realistysk is. Wol moatte passazjiers in mûlkapke op.

Terminals

Mar hoe komt it yn de fearterminals? "We zien de terminals als een verlengstuk van de veerboot en we verplichten mensen al om een mondkapje op te doen zodra ze de percelen binnenlopen. We moeten kijken of we meer ruimte kunnen creëren." Dat hat de rederij ûnder oare al dien troch tinten op te setten by de bagaazjekarren. "Zodat mensen die ruimte ook kunnen benutten als het regent."

Ekstra boaten

De ôfrûne tiid waarden der ekstra boaten ynsetten foar it ferfier nei Skylge en Flylân. "In principe zou dat nu niet meer nodig zijn, maar ook daar gaan we naar kijken. Het is de afgelopen tijd enorm chaotisch geweest voor reizigers." In soad minsken moasten omboekt wurde nei in oare ôffeart. Om dat net noch gaoatysker te meitsjen, bliuwe de ekstra boaten der mooglik.

Direkteur Paul Melles fan Doeksen

(advertinsje)
(advertinsje)