Kollum: "Knip"
"Yn it doarp dêr't ik wenje, wolle se minder auto's yn 'e strjitten ha. Sadat der mear romte komt foar fytsers, rinners en it iepenbier ferfier. Want, sa stiet yn in bestjoerlik stik, allinnich dán kin it doarpke in sukses bliuwe en allinnich dán kin elkenien him hjir thús fiele. Dat doarpke hjit Amsterdam.
Amsterdam hat kwa ferkear nea witten wat se wol. Yn 'e jierren santich wie der in grut plan, om in sneldyk oan it sintraal stasjon ta oan te lizzen. De auto wie de takomst, en ús stêden moasten dêr op oanpast wurde, nei Amerikaansk model. It feroare de Weesperstraat yn in ferwoestende baan troch de stêd, wêr't it ea in idyllysk strjitsje wie as de Utrechtsestraat. De ôfbraak kaam ta stân oan it ein fan de Jodenbreestraat, by it Rembrandthuis. Dêr stiet no in monumintsje.
It markearret de grins tusken it rjochte strjitplan fan it jierren-santich-idee fan 'modern', en de âlde kronkelige binnenstêd. Dêr hâlde it wylde plan, de sneldyk is der nea kaam. Mar wat binne se fier kommen. En no komt yn dyselde strjitte, dy't in sintrale as troch de stêd wurden is, wêr't alle dagen tûzenen auto's trochhinne ride, dy't gjin sneldyk is mar al in ûnmisbere dyk, in knip. As of je healwei it Prinses Margrietkanaal in daam oanlizze.
In knip. Se sette der pealtsjes yn. Ticht. Want, sa seit wethâlder Dijksma yn Het Parool: dat is sa'n sukses, yn bygelyks de Plantage Middenlaan. No ken ik dy strjitte in bytsje, en it kloppet, dy ha se ek ticht setten op in bepaald punt. Foarby dat punt ride no gjin auto's mear. Mar yn de Plantage Middenlaan ride noch altyd like folle auto's, as it der net mear binne. By de knip meitsje se de bocht, en binne sa like hurd as foarhinne op 'e dyk dêr't se hinne wolle, allinnich mei wat mear yrritaasje.
It is foarearst in proef, mar it is in raar idee. Amsterdam moat autolij wurde, sa seit it beliedsstik. Der is in moaie grafyske werjefte fan hoefolle romte auto's ynnimme, moai tatekene nei dat idee, want we sjogge net hoe needsaaklik in auto is om as Fries yn Amsterdam nei heit en mem te kinnen. En ik tink echt ek wol dat it út 'e hân rint mei it autoferkear yn 'e stêd, it kin wier minder. En skjinner. Mar de auto is here to stay, dát hiene se al goed sjoen yn 'e jierren santich. It moderne hynder sil wis wer fan foarm feroarje, mar persoanlik ferfier is in hit.
In knip yn ien fan de belangrykste ferkearsaders fan de haadstêd betsjut domwei dat it yn 'e omlizzende strjitten folle drokker wurdt. Slûpferkear is dan net iens it goede wurd mear: trochgeand ferkear troch wenwiken. In idee dêr't we ea fan ôf woene.
Ik sit dus de betinken hoe't dit no wurket. En myn analyze is de folgjende. Litte we stelle dat der in fenomeen is, dat sa noflik is dat minsken it tige graach brûke, mar dat ek neidielen hat. Om minsken dat fenomeen minder brûke te litten, moat in alternatyf komme dat oantreklikker is. Mar wat blykt: it is yn dizze tiid noch net mooglik of betelber om it alternatyf nofliker te meitsjen as it fenomeen. Dan kieze bestjoerders der mar foar om it fenomeen minder noflik te meitsjen, en brûkers fan it fenomeen te yrritearjen, yn 'e hoop dat se, fanút it negative dochs foar it alternatyf kieze.
Der binne mear 'knippen' yn Amsterdam. Se binne der ek yn Ljouwert, dêr't ik fan 't winter in kear yn 'e spits wêze moast en doe einleas fêst stie yn in omrydrûte. Ik snap it idee wier wol, mar wat is dit foar fyzjeleaze hâlding. Pealtsjes slaan yn in dyk. Mei net allinnich yrritaasje foar autoriders ta gefolch, mar ek foar de bewenners oan 'e omrydrûtes.
Myn punt is dat se yn 'e jierren santich ek plannen hiene foar in suksesfol en takomstbestindich Amsterdam. Dêr binne se krekt op 'e tiid op werom kommen. Net alles wat foarútgong liket, is dat ek echt. Dijksma tinkt mei in 'knip' ferkear troch de stêd te stopjen, mar yn ús takomstbestindige auto's sitte al lang navigaasjesystemen dy't út harrensels nije rûtes útrekkenje, hiel komfortabel. Se hat al hiel lang sels gjin auto mear riden.
De fraach is neffens my: wolle we wat nijs betinke dat fantastysk en better is, of foaral it âlde kapot meitsje."