Gemeente makket rekreaasjegebiet De Heide simmerproof mei foodtrucks

25 jun 2020 - 07:37

De gemeente Hearrenfean komt yn aksje foar rekreaasjegebiet De Heide, om't se in soad drokte ferwachtsje yn de simmerperioade. No't in soad minsken net op fakânsje geane fanwege corona, sykje se oare plakken om in fakânsjegefoel te krijen. En dan komt De Heide yn byld.

Rekreaasjegebiet De Heide - Foto: Gemeente It Hearrenfean

"Het gebied heeft een groot strand om een groot meer en daaromheen ligt gras waar je kunt liggen", omskriuwt wethâlder Hans Broekhuizen it rekreaasjegebiet. De gemeente ferwachtet in soad minsken en nimt oan de hân dêrfan maatregels. "Veel mensen blijven thuis. Veel jongeren willen er ook op uit en dan is dit de ideale plek. Maar dat moet wel goed gefaciliteerd worden."

Casa a la playa

Fan 1 july ôf mei der wer in soad, mar dêrby moat wol de oardel meter ôfstân yn acht naam wurde. Broekhuizen: "We gaan daar, samen met jongerenwerk, een aantal mensen stationeren die een oogje in het zeil houden en mensen waar nodig aanwijzingen geven." It moetingssintrum fan it jongereinwurk op It Hearrenfean hjit fan Casa. "En dat noemen we nu 'Casa a la Playa'. We houden toezicht, we geven informatie en er moet iets worden geregeld voor het sanitair en het afval. Daar gaan we extra op inzetten."

Foodtrucks

Der wurdt ek plak makke foar trije foodtrucks. Broekhuizen: "Dat is ook om het daar een beetje leuk te houden. In het verleden stond er een kiosk. Op deze manier proberen we daar iets extra's aan toe te voegen." Der binne al aardich wat oanmeldings fan ûndernimmers dy't wol by De Heide stean wolle. De gemeente hat it sa regele dat elke ûndernimmer der twa wiken stean mei. "Daarna is weer een ander aan de beurt. Zo kan iedereen een graantje meepikken."

It ekstra tafersjoch bliuwt der oant 1 septimber.

Wethâlder Hans Broekhuizen

(advertinsje)
(advertinsje)