Jannewietske de Vries: "Ferrommings freegje soad ferantwurdlikens en sûn ferstân"

25 jun 2020 - 06:48

Premier Rutte kundige woansdeitejûn in soad ferrommings oan fan de jildende coronamaatregels. Oan de Feiligensregio's de taak om alle nije maatregels foarm te jaan. Vise-foarsitter fan Feiligensregio Fryslân, Jannewietse de Vries, is wiis mei de ûntwikkelings: "Dit is posityf nijs. Der binne flinke ferrommings en dat komt trochdat we yn Nederlân sa ferantwurdlik west hawwe."

Jannewietske de vries - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Alle sitplakken yn it iepenbier ferfier meie wer brûkt wurde. Dat soe dan ek jilde foar it ferfier nei de Waadeilannen, dat de ôfrûne moannen op in part fan syn kapasiteit fear. De Vries: "We moatte sjen hoe't it aanst presys yn de oanwizings fan it Ryk stiet, mar ik gean derfan út dat alle sitplakken wer beskikber komme. Dy oardel meter is de basisregel. Der leit in ferantwurdlikens by de ûndernimmer, mar ek by de passazjiers, want dit kinst nea mei hanthaving ôftwinge. Dit freget in hiel soad ferantwurdlikens en sûn ferstân fan minsken sels."

Dat de ferpleechhûzen wer hielendal iepen meie, fynt De Vries ek in positive ûntwikkeling. "Dat is hiel wichtich nijs foar bewenners en neisten, want dy hawwe it ôfgryslik swier hân de ôfrûne perioade. Ik bin der hiel bliid mei dat dy stappen wer setten wurde kinne."

Sport

Binnen en bûten sporte kin wer, ek yn wedstriidferbân. De Vries: "As publyk moatst lykwols rekken hâlde mei de oardel meter. Dat moat wer ynregele wurde troch de organisatoaren en dat freget wol wat." Hoe't dat ynrjochte wurde sil, hinget ek ôf fan de oanwizings fan it Ryk. "De basisregel fan oardel meter bliuwt lykwols binnen en bûten jilden en by klachten moatst thús bliuwe."

"It wurdt in moaie simmer"

Merkeminsken waarden swier troffen troch de coronakrisis, om't sy in soad ynkomsten misten doe't harren sektor stillei. Mar ek sy kinne wer los. "Yn dy sin wurdt it in moaie simmer. We kinne genietsje mei ús allen, mar we moatte der ek mei ús allen om tinke en oppasse dat it firus net oerspringt. Dêr hawwe we elkoar foar nedich", leit De Vries út.

Fergunnings

In soad fergunnings foar eveneminten waarden de ôfrûne tiid ynlutsen. Binne dy mei de ferrommings no wer jildich of moatte de organisatoaren in nije fergunning oanfreegje mei beheinende coronamaatregels? De Vries: "Mei lytsskalige saken yn de iepen loft, wêrby't de oardel meter oanhâlden wurde kin, is wol wat mooglik. Mar we moatte sjen hoe't we dat dogge."

De grutste ferantwurdlikens om alles yn goede banen te lieden, komt dus op de skouders fan boargers sels te lizzen. De Vries: "De BOA's en plysje binne der foar eksessen, foar as it op guon plakken echt út de hân rint. Mar we moatte it echt mei elkoar regelje en dat kinne we."

Jannewietske de Vries, vise-foarsitter fan Feiligensregio Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)