Kolleezje wol wenningbelied Hylpen folslein omsmite en rekreative bewenning tastean

It rekreatyf gebrûk fan wenningen yn it âlde sintrum fan Hylpen soe ûnder betingsten mooglik wêze moatte. It kolleezje fan Súdwest-Fryslân is fan doel dêrfoar it bestimmingsplan oan te passen. Dat foarnimmen is opmerklik, om't de gemeente ein ferline jier noch drige mei twangsommen foar goed alve wenningeigeners.
Slûswachterswente It Sylhús yn Hylpen © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Neffens it bestimmingsplan is rekreatyf gebrûk fan wenningen yn Hylpen net tastien. Dat betsjut dat huze-eigeners harren eigen wenning of twadde hûs, net oan oaren ferhiere meie. Ut kontrôles die ein ferline jier bliken dat dat yn Hylpen wol in soad barde.

Folslein oar belied

It kolleezje drige doe noch mei twangsommen oant sa'n 6.000 euro, mar wol dat belied no feroarje. Der wurdt oan de gemeenteried foarsteld it bestimmingsplan oan te passen, sadat rekreative ferhier fan wenningen wol mooglik wurdt. Oer de krekte betingsten dêrfan, bygelyks oer it tal dagen dat in wenning maksimaal ferfierd wurde mei, wol it kolleezje noch mei de stêd yn petear, neffens wethâlder Mark de Man fan Súdwest-Fryslân.
In groep ynwenners út Hylpen siet ein ferline jier noch bot yn noed oer it rekreative gebrûk fan wenningen yn 'e stêd. Sy sieten yn oer de leefberheid fan Hylpen. "Wy wolle net in spûkstêd wurde", sa sei in ynwenster doe noch.