KNKB hellet aginda út de kast; der mei wer keatst wurde

De ferromme maatregels dy't minister-presidint Mark Rutte woansdei bekend makke, binne troch it keatsbûn KNKB mei blydskip ûntfongen. "Dit is hiel goed, wy binne bliid ferrast, der mei wer keatst wurde", reagearret bûnsdirekteur Marco Hoekstra optein.
© Henk Bootsma
De KNKB hat de plannen klear lizzen foar de neiste takomst. Hoekstra: "Earst is der in Algemiene Gearkomste op 2 july. En wy pakke de aginda sa as dy foar it seizoen makke is út de kast. En as it oan ús leit dan wurkje wy dy ôf. Uteraard moatte wy hjiroer wol yn petear mei de ferienings, want dy sille de partijen organisearje moatte."

11 en 12 july wer los

As it oan de KNKB leit, dan wurdt der yn it wykein fan 11 en 12 july wer yn alle kategoryen keatst. Foar de manljushaadklassers stiet der op dy sneon in trochelkoarlotterspartij yn Moare-Ljussens op it programma en foar de snein in frije formaasje partij yn Boalsert.

Oardelmetermaatregel

It is noch efkes de fraach hoe't de ferskate ferienings reagearje sille. Brekpunt kin de oardelmetermaatregel wêze. Dy bliuwt ek foar keatspartijen fan tapassing. En as der bygelyks njonkenaktiviteiten binne, lykas in feesttinte, dan moat der in fergunning frege wurde en dat kin wol seis wiken duorje.
De KNKB sil tongersdei fuort yn oerlis mei de ferskate ferienings. Der wurdt dan ynventarisearre hokker ferienings wol of net in keatspartij organisearje wolle. Dêrnei wurde der beslissings naam.

PC

De PC hat al hiel betiid oanjûn dat de de belangrykste wedstriid fan it jier op 29 july net trochgean kin. De PC wol út noch yn net sûnder publyk keatse. Der stiet no in nije datum foar de PC yn de aginda: woansdei 30 septimber, mar ek dan jildt noch altyd de oardelmetermaatregel.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It is alles of neat, sa stean ik derop dit stuit yn.
PC-foarsitter Ids Hellinga
Dat makket PC-foarsitter Ids Hellinga der net optimistysker op oer it organisearjen fan in PC op dy datum. "Wy moatte it der yn ús kommisje noch oer hawwe, mar ik tink dat soks neat wurdt. De tribunes moatte dan wol hielendal opboud wurde, wylst der mar in tredde fan it publyk yn kin. Dat sjoch ik net sitten. It is alles of neat, sa stean ik derop dit stuit yn."
De PC hie foar dy datum al in oar plan betocht: "Wy wolle der wol in gewoane haadklassepartij fan meitsje. Dat plan hawwe wy ek al bepraat mei de KNKB en mei keatsferiening Jan Bogtstra út Frjentsjer. Want ik fyn wol dat der dit seizoen noch sa folle mogelijk keatst wurde moat, ek al is it op wat bysûndere datums. Dat is ek foar de keatsers goed. Dan kinne sy noch wat klassemintspunten pakke."
Heale finale: Winsum - Grou © Omrop Fryslân, Aise van Beets

Freule Partij

De Freule Partij stie oarspronklik op 5 augustus yn de aginda. Op dy datum waard al net mear rekkene en der is in nije datum útkeazen: sneon 19 septimber, byneed sûnder publyk, sa hat de organisaasje fan de Freule Partij earder sein.
Der kin no wol (beheind) publyk by de Freule Partij, mar foarsitter Tjeerd Dijkstra hat de datum fan 5 augustus al skrast. "Dy datum wurdt it net. Dat boek is ticht. Wy rjochtsje ús no op 19 septimber. De KNKB is no oan set en dan sille wy ús beriede op de datum fan 19 septimber."
Direkteur Marco Hoekstra fan it KNKB