Wurk oan nije slûs en brêgen yn Ofslútdyk kin lang om let begjinne

It fernijen fan de brêgen en ferromjen fan de slûs op de Ofslútdyk by Koarnwertersân kin úteinsette. Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en deputearre Avine Fokkens hawwe dêr woansdei de bestjoersoerienkomst foar tekene.
© Provinsje Fryslân
Der is jierren fan tarieding oan foarôfgien. Yn de bestjoersoerienkomst is ôfpraat om in gruttere slûs oan te lizzen en de besteande brêgen te ferfangen. Dan kinne der gruttere skippen gebrûk fan meitsje.
It Ryk betellet 111 miljoen euro. Bedriuwen betelje 26,5 miljoen euro; de rest komt fan de regionale oerheden. Der is ôfpraat om it wurk yn fazen út te fieren. It begjint mei it ferfangen fan de brêgen yn de Ofslútdyk. Yn 2025 moat it wurk klear wêze.

It sil heve!

Minister Van Nieuwenhuizen: "Dit is een bijzonder moment. Er is lang naar toe gewerkt, gepuzzeld om het geld bij elkaar te krijgen en gekeken wat de beste aanpak is. Mooi dat we definitief kunnen zeggen: It sil heve! We leggen hiermee de rode loper uit voor grotere zeeschepen waaronder de superjachten die door Nederlandse scheepswerven worden gebouwd. Dit geeft een economische impuls aan de regio en een impuls aan het vervoer over water."
Yn stee fan de besteande draaibrêgen yn de A7 komme der fjouwer baskulebrêgen en de twa trochfariepeningen wurde aanst 21,7 en 25 meter. De westlike grutte slûs wurdt ferromme, dat der gruttere skippen trochhinne kinne.
De besteande soalen yn de Iselmar en Ketelmar wurde ek útdjippe, dat de havens fan Makkum, De Lemmer, Urk, Lelystad, Meppel en Kampen foar dy gruttere skippen berikber wurde.