Premier Rutte: "Door afstand te houden geven we ruimte aan elkaar"

24 jun 2020 - 19:52

Op de lêste parsekonferinsje foar de simmerfakânsje makke premier Rutte woansdeitejûn wer ferskate coronamaatregels bekend. Yn tal fan sektoaren wurde de regels ferromme, wol bliuwt de oardelmeter-regel fan krêft. "We gaan met meer vrijheid de zomer in, maar het virus is niet weg."

Foto: ANP

It regear wol de maatregels ferromje, mar is wol taret op in eventuele twadde weach. "Door afstand te houden geven we ruimte aan elkaar", sei de minister-presidint. Rutte hammeret derop dat we nei 1 july de selsdissipline ha moatte om ôfstân te hâlden. "Als we verslappen, bestaat de kans dat er toch meer beperkingen komen."

Wat bliuwt: thúsbliuwe by klachten, ôfstân hâlde, hanwaskje, thúswurkje en drokke plakken mije.

Nei 1 july binne de regels foar aktiviteiten binnen:

  • 1,5 meter ôfstân hâlde
  • maksimaal 100 persoanen yn in romte mei fêste sitplakken
  • gjin maksimumoantal persoanen by fêste sitplakken, reservearring en sûnenscheck
  • yn winkels, musea, biblioteken en plakken dat minsken omrinne is 1,5 meter ôfstân de regel, der is gjin maksimumoantal persoanen

Nei 1 july binne de regels foar aktiviteiten bûten:

  • 1,5 meter ôfstân hâlde
  • maksimaal 250 persoanen
  • yn de hoareka wurdt wurke mei in fêst sitplak
  • gjin maksimumoantal persoanen mei de betingsten: fêste sitplakken, reservearring en sûnenscheck
  • yn bistetunen, pretparken en oare bûtenlokaasjes mei trochstream fan besikers is 1,5 meter ôfstân de regel, der is gjin maksimumoantal persoanen

Ferfier:

  • alle sitplakken yn it iepenbier ferfier meie brûkt wurde
  • foar net-needsaaklike reizen kinne minsken wer it iepenbier ferfier brûke
  • mûlkapkes bliuwe ferplichte
  • taksys, touringcarbedriuwen en persoane-auto's meie wer mei folle weinen ride

Bern en jongeren:

  • bern oant en mei 12 jier hoege gjin ôfstân te hâlden
  • jongeren oant 18 jier hoege gjin ôfstân te hâlden
  • middelbere skoallen geane nei de simmer wer iepen, nei de dosint moat ôfstân wêze
  • mbo, hegeskoallen en universiteiten meie wer lesjaan, wol op ôfstân

Sport:

  • binnen en bûten sporte mei wer, ek yn wedstriidferbân
  • sportskoallen meie wer iepen
  • sportkantines en klaairomtes meie iepen, wol mei ôfstân

Ek iepen:

  • sauna's en kasino's
  • sekswurkers meie wer klanten ûntfange

Wat mei net:

  • roppe, sjonge en sprekkoaren meie net yn groepsferbân
  • diskoteken en nachtclubs bliuwe noch ticht oant 1 septimber
(advertinsje)
(advertinsje)