Partijen krije grutste part fan skeaclaims konterramp fergoede fan MSC

24 jun 2020 - 18:25

De partijen dy't skea hân ha troch de kontenerramp mei de MSC Zoe, krije it grutste part fan harren skeaclaims fergoede fan de rederij. Dat docht bliken út in fertroulike brief dy't Rykswettersteat, as koördinator fan de skeaôfhanneling, in skoft lyn al oan alle belutsen bestjoerders en direkteuren stjoerd hat.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Rykswettersteat hat it einbod, dat útûnderhannele is mei rederij MSC, by alle belutsen partijen dellein. Sy moatte no beslute oft sy akkoart geane mei it einbod fan de rederij.

Dat einbod betsjut ûnder oare dat MSC it grutste part fan de skeaclaims fergoedet, útsein de overheadkosten. Dat binne yn dit gefal bygelyks leankosten dy't de organisaasjes yndirekt makke ha.

Ynhâld einbod

Ek komt der in fûns fan sa'n 725.000 euro foar as der yn 'e takomst noch guod opromme wurde moat. MSC betellet fierder 268.000 euro oan it Fishing for Litter-programma en 218.000 euro oan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat foar takomstige bergingen op de Noardsee. Ek sil de rederij de helte fan in noch út te fieren miljeu-ûndersyk foar syn rekken nimme. Dat giet nei alle gedachten om sa'n heal miljoen euro.

Ferslachjouwer Remco de Vries oer it einbod

Rykswettersteat advisearret alle belutsen partijen akkoart te gean mei it einbod fan MSC. As dat net bart, is Rykswettersteat benaud dat MSC it totale bod ferfalle lit.

As de partijen akkoart geane mei it einbod, wol de rederij yn 'e takomst fan alle fierdere oanspraaklikheid ôf wêze.

Lês alles oer de kontenerramp yn it dossier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)