Vitens set ekstra kapasiteit yn fanwegen Fryske fraach nei wetter

24 jun 2020 - 16:59

In swimbadsje yn 'e tún, it gers ekstra besproeie en in kear faker dûse: mei dizze tropyske temperatueren brûke we folle mear wetter. Drinkwetterbedriuw Vitens draait no op folle toeren om oan dizze fraach te foldwaan, mar docht ek in oprop om sunich om te gean mei it drinkwetter.

De fraach nei drinkwetter groeit neffens it bedriuw al jierren. Om tekoarten yn Fryslân foar te kommen hat Vitens by de wettersuvering by Spannenburch in nije ynstallaasje boud.

240.000 liter yn 'e oere

De nije suveringsynstallaasje filteret sa'n 240.000 liter drinkwetter yn de oere út it grûnwetter. De ynstallaasje by Spannenburch filteret in ferskaat oan stoffen út it grûnwetter. "IJzer, kalk, ammonium en bijvoorbeeld methaan. Dat willen we niet in het drinkwater hebben," seit projektmanager fan de útwreiding Dion van den Bersselaar. "Eigenlijk werkt het als een soort koffiefilter."

Ek yn Fryslân nimt de fraach nei wetter yn in perioade mei hege temperatueren ta. "Daarom hebben we voor de korte termijn deze installatie neergezet zodat we voldoende drinkwater kunnen blijven leveren," seit Van den Bersselaar.

Lege wetterdruk

Fan Súdwest-Fryslân, Ljouwert oant Skylge, de suveringsynstallaasje leveret wetter troch de hiele provinsje. Earder dizze wike warskôge it drinkwetterbedriuw noch foar in lege wetterdruk as de temperatuer heech bliuwt.

Vitens - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Om de fraach nei wetter oan te kinnen is Vitens op ferskate plakken yn Fryslân dwaande om op mear plakken út de grûn te heljen. Sa wolle se bygelyks útwreidzje mei in ynstallaasje yn Lúkswâld.

Trefwurden: 
Vitens drûchte drinkwetter
(advertinsje)
(advertinsje)