Grutte stroomsteuring yn Harns

24 jun 2020 - 16:56

Yn in grut diel fan Harns is dizze woansdeitemiddei gjin stroom mear. It giet mei-elkoar om mear as 40 strjitten dêr't de stroom útfallen is.

Foto: Omrop Fryslân

It giet ûnder oare om strjitten yn it âlde sintrum fan de stêd, mar ek it yndustryterrein oan de eastkant fan de stêd. Neffens netwurkbehearder Liander is de monteur ûnderweis.

Nei alle gedachten is de steuring om 18.30 oere ferholpen. Oer de oarsaak is op it dit stuit noch neat bekend.

Trefwurden: 
Harns stroomsteuring Liander
(advertinsje)
(advertinsje)