Lêste kear tsjerketsjinst live by Omrop Fryslân

Kommende snein, 28 juny, stjoert Omrop Fryslân foar de lêste kear live in tsjerketsjinst út, út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei. Sûnt 15 maart wie der alle wiken in tsjerketsjinst te sjen om't tsjerken ticht wienen fanwegen it coronafirus.
© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân en de protestantske gemeente fan Frjentsjer hawwe besletten om ein juny op te hâlden mei it útstjoeren fan de tsjinsten.
Nei 1 july meie der (nei ferwachting) wer gruttere groepen byinoar komme. Dêrmei wurdt it mooglik om mei in tal beheiningen wer tsjerkefierings te organisearjen.

Fiering thús meimeitsje

Yn de tiid dat we fanwegen de coronamaatregels de doar net út mochten, woe de Omrop de minsken thús, dy't harren wyklikse tsjinsten misse moasten, dochs de mooglikheid jaan om in fiering mei te meitsjen.
Yn oparbeidzjen mei de protestantske gemeente fan Frjentsjer wie der sûnt 15 maart alle wiken in tsjerketsjinst live te folgjen op telefyzje en online. De tsjinsten hiene in oekumenysk karakter en der wiene wikseljende foargongers en muzikale bydragen, fan ûnder oare Syb van der Ploeg en Elske DeWall.
We hawwe de tsjerketsjinsten yntym by minsken yn 'e hûs witten te bringen.
Maaike van Dijk
Maaike van Dijk, foarsitter fan de tsjerkeried PKN Frjentsjer, sjocht werom op in drokke mar bysûndere tiid. "We hawwe it mei-inoar dien as ien team en geandewei rûn it elke kear better. We hawwe de tsjerketsjinsten yntym by minsken yn 'e hûs witten te bringen. Dat is wol bysûnder ast oars foar 300 man in tsjinst fersoargest."

"Wy genietsje elke sneintemoarn"

De tsjinsten foarseagen yn in grut ferlet fan minsken binnen en sels bûten de provinsje. Alle wiken seagen der tsientûzenen minsken nei de tsjinst. By Omrop Fryslân, mar ek yn Frjentsjer, kamen dan ek soad entûsjaste reaksjes. Fan brieven en telefoantsjes oant mails en appkes.
"Graach wol ik jimme tankje foar de moaie tsjerketsjinsten yn dizze coronatiid" en "Wat ús oanbelanget mei dit altyd sa bliuwe. Wy geane net mear nei in tsjerke fanwegen sûnens. Wy genietsje elke sneintemoarn." "Prachtich ek it ferskaat oan gebrûk fan talen, sawol by de lêzing as it sjongen... Dizze tsjinsten rôpen faker as yn de gewoane sneinstsjinsten emoasje by ús op, it die ús wat."

In moaie gearwurking

Sawol Omrop Fryslân as de tsjerkeried fan Frjentsjer sjogge werom op in moaie gearwurking. Sybren Terpstra, einredakteur by Omrop Fryslân: "Wy fine it fijn dat in protte minsken nei 'ús' tsjerketsjinsten yn Frjentsjer sjoen hawwe. Mocht der in nije corona-útbraak komme dan sille we der seker oer neitinke om wer mei it útstjoeren fan de tsjerketsjinsten te begjinnen."
Op snein 28 juny is de lêste tsjinst live by de Omrop te sjen mei ds. Sytze Ypma as foargonger.

YouTube

De tsjerklike gemeente fan Frjentsjer sil tenei fia 'kerkomroep' en YouTube sels de tsjinsten yn byld bringe, en hopet dan de tsjerke wer faker te iepenjen foar besikers.