Ierappelberch yn Ljouwert tsjin fergriemerij fan iten

24 jun 2020 - 15:57

Op it plein by iisbaan de Alvestêdehal yn Ljouwert wurdt sneon in berch mei in pear ton ierappels stoart. Minsken dy't dat wolle kinne dêr dan sels in pear kilo fan keapje. It giet om in aksje fan in groep jongeren dy't him ynset tsjin it fergriemen fan iten. Earder hat der ek sa'n aksje west op de NDSM-werf yn Amsterdam.

Foto: Eigen foto

Troch de coronapandemy is der yn Nederlân in grut oerskot oan ierappels. Yn de hoareka wurde folle minder ierappels brûkt en de eksport giet lestich. As der gjin klanten fûn wurde kinne, wurde de ierappels ferwurke ta feefoer of biogas.

Oare stêden yn Nederlân dogge sneon ek oan de aksje mei. De ierappels gean net fergees fuort. Der moat betelle wurde mei in app. De opbringst giet hielendal nei de boeren sels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)