UPDATE: Grutte útslaande brân yndustryterrein Boalsert 'brân master'

De grutte útslaande brân yn Boalsert liket ûnder kontrôle te wêzen. It fjoer is folle minder en der binne no noch in pear lytse brantsjes yn it bedriuwsgebou op yndustryterrein De Ward. Der binne gjin persoanen yn it gebou oanwêzich, meldt de brânwacht.
UPDATE: Grutte útslaande brân yndustryterrein Boalsert liket ûnder kontrôle
De brânwacht ried woansdeitemiddei tsjin fjouweren manmachtich út foar de grutte brân. De brânwachtkorpsen fan Parregea, Harns, Boalsert, Wytmarsum, Wommels en Snits holpen by de bestriding fan de grutte útslaande brân. De brânwacht sette yn op it rêden fan de omlizzende gebouwen en dat liket te slagjen.
Yn it bedriuw wurde elektryske boaten boud. Der soene elektryske boaten en akku's yn sitte, en ek campers en trekkers. Omdat de wetterdruk leech is, hellet de brânwacht wetter út de feart wei om it fjoer te bestriden.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries

Soad reek

Meardere minsken seagen fan in ôfstân grutte reekwolken boppe it yndustryterrein ferskinen. Sels út Harns en It Hearrenfean wei wie de reek te sjen.

Untploffingen

De flammen sloegen heech yn de loft. Ferslachjouwer Willem de Vries wie derby en hearde geregeld ûntploffingen, wat tsjutte kinne soe op gasflessen. De minsken dy't dêr wennen, binne út harren huzen helle. By in buertbewenster sit de skrik der goed yn: "De vlammen waren in no time wel 30 meter hoog, niet normaal. Dit komt wel binnen."
Willem de Vries oer de brân
© CAMJO Media
UPDATE 17:15 oere
Brânwachtkommendant Toxopeus koe om kertier oer fiven noch net it sein bran master jaan. Earst moat it wetter derôf en dan sille se sjen hoe't de brân him fierder ûntwikkelet. Lôgje de flammen dan net wer op, dan kin it sein frij gau jûn wurde en kin it neiblussen begjinne.
Yn de loads stean boaten en auto's, seit de kommandant. By brân soarget dat altyd foar giftige stoffen. De ûntploffings kinne komme fan gasflessen, mar ek fan autobannen dy't troch de hjitte springe. En der skine ek akku's te lizzen. Sokke brannen binne dreech te bestriden, mar it is no efkes ôfwachtsjen hoe't it komt.

Hjitteprotokol

De opskaling nei tige grutte brân is neffens Toxopeus benammen ynjûn fanwege de waarmte. Foar de brânwachtlju it it tige waarm yn de pakken. Mei meardere korpsen kin der faker ôflost wurde. Der is ek in NL Alert útgien fanwege de reek dy't diels oer de stêd en oer de A7 gie.

Twa minsken ôffierd

Oer de minsken dy't ôffierd binne, kin Toxopeus neat fertelle. Neffens omstanners soe it gean om in frou mei stressrelatearde hertklachten. It soe no al wer goed mei har gean.
Fierders soe der in man fan sawat 30 jier achter it gebou weihelle wêze. Hy soe oan de beazeming lein hawwe en mei de ambulânse ôffierd wêze.
Neffens Toxopeus hat brân altyd in grutte impact en kinne minsken ek troch de waarmte net goed wurden wêze. Fan in mooglik oproppen traumahely wit de brânwachtkommandant ek neat
UPDATE 17:40 OERE
It sein 'brand meester' is jûn.