Argewaasje yn Provinsjale Steaten oer subsydzje Welcome to the Village 2020

Yn Provinsjale Steaten is argewaasje ûntstien oer it beslút fan de provinsje om it Ljouwerter festival Welcome to the Village 70.000 euro subsydzje te jaan, wylst it festival dit jier hielendal net plakfynt. Forum voor Democratie is dêrop tsjin dat it festival it jild krijt en freget it kolleezje om it bedrach ta te heakjen oan it budzjet fan it 'aksjeplan kultuer'. Dat is bedoeld om kulturele organisaasjes dy't it dreech hawwe yn coronatiid te stypjen.
Mattiel © Ronnie Porte
"De subsydzje oan Welcome to the Village liket troch no 70.000 euro te jaan al aardich in struktureel karakter te krijen", seit fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard fan Forum voor Democratie. "Wy fine dat net-transparant en ek net earlik rjochting oare festivals en kulturele inisjativen."

Foarkarsbehanneling

Neffens Goudzwaard begjint it derop te lykjen dat Welcome to the Village in foarkarsbehanneling krijt. Hy fynt dat de provinsje perfoarst foarkomme moat dat it begjint te lykjen op 'de schijn van belangenverstrengeling'.
FNP-steatelid Sybren Posthumus is ek fernuvere oer de subsydzje foar Welcome to the Village. "It liket derop dat it iene festival in ekstra fear hat yn de eagen fan it kolleezje. Dat fyn ik net goed." Posthumus hat kultuerdeputearre Sietske Poepjes woansdeitemoarn yn Provinsjale Steaten om opheldering frege.
In bijehotel is ien fan de natuerfreonlike eleminten fan it festival © Omrin
It is net foar it earst dat der yn de Fryske polityk diskusje is oer subsydzje foar Welcome to the Village. Der wie earder krityk op provinsjale subsydzje foar it festival omdat oprjochter Sjoerd Bootsma fan it festival, doe't er troch de provinsje ynhierd wie as saakkundige, advisearre hawwe soe om it festival subsydzje te jaan. Neffens Sjoerd Bootsma sels gie it doe om 'in misferstân' en 'in flater', dêr't er ek sels 'ferskriklik fan baalde'.
Sjoerd Bootsma © Omrop Fryslân
"We hawwe der bewust foar keazen om Welcome to the Village 70.000 euro te jaan as oerbrêging foar de perioade oant it nije kultuerbelied", seit deputearre Poepjes yn reaksje op de fragen fan FNP en Forum voor Democratie. "As jo sjogge hoe't it festival organisearre wurdt, foldocht dat folslein oan fêststelde kritearia lykas sirkulêre ekonomy en nasjonale en ynternasjonale oantrekkingskrêft. Wy fine it wichtich dat dit festival bestean bliuwe kin."

Wrang

Neffens Poepjes stiet noch lang net fêst dat it festival ek yn 'e takomst strukturele subsydzje krijt. It is earst oan de ûnôfhinklike advyskommisje om advys út te bringen oer de plannen fan it festival. Poepjes seit fierders dat se har foarstelle kin dat oare festivals de oerbrêgingssubsydzje foar Welcome to the Village 'wrang' fine.
De aparte behanneling fan Welcome to the Village ropt ek by oare partijen yn de Steaten fragen op. VVD-fraksjefoarsitter Klaas Kielstra seit dat er it 'yngewikkeld' fynt om dit festival no 70.000 euro subsydzje te jaan.
The Soft Moon © Ronnie Porte
"Wy fine it tsjinoer oare festivals no moreel net te ferantwurdzjen dit festival no 70.000 euro subsydzje te jaan, ek al omdat it dit jier hielendal net organisearre wurdt", seit FNP-Steatelid Sybren Posthumus. "Wy wrakselje hjir geweldich mei."

Coulance-regeling

Neffens deputearre Poepjes is op Welcome to the Village 'de coulance-regeling' fan tapassing. "Fanwege de corona kinne wy dit jier net ien festival ôfrekkenje op harren prestaasjes. Dat jildt bygelyks ek foar Tryater of it Fries Museum."
De argewaasje yn de steaten hie fierder gjin neidielige finansjele konsekwinsjes foar it festival. It amandemint fan Forum van Democratie om de subsydzje te skrassen waard by eintsjebeslút fersmiten. Allinnich de fraksjes fan Forum voor Democratie, FNP en 50+ stimden foar it foarstel.
Steatelid Erwin Jousma fan Forum oer de stipe oan Welcome to the Village